Groep boeren fiert oerenlang aksje mei trekkers foar it provinsjehûs yn Ljouwert
By it Provinsjehûs yn Ljouwert fiert woansdei in groep minsken aksje. Der stean trekkers en frachtweinen yn de strjitte mei in groepke dat tsjin it stikstofplan protestearret, mar der is ek krityk op oar kabinetsbelied.
De demonstranten binne klear mei it oerheidbelied. It giet om stikstof, mar ek oer it belied op de ynflaasje en de taslagge-affêre. Yn it provinsjehûs wurdt woansdei troch de provinsje praat oer de Lelyline en it Deltaplan voor het Noorden. Der is ek in tal boeren dat him dêr tsjin útsprekt, om't it neffens har kwealike gefolgen hat foar harren bedriuwsfiering.
Neffens in wurdfierder is de aksje mei opsetsin net oankundige. De plysje hat de strjitte in skoft ôfsletten, sa't net mear weinen foar it Provinsjehûs komme kinne.
Ferslachjouwer Ronnie Porte by it Provinsjehûs

Demonstrant Mark de Jong seit út namme fan de boeren fan sy it net iens binne mei plannen fan it kabinet om de stikstofdelslach te beheinen. Dêrfoar wol it kabinet de feesteapel werombringe. "Wy fine dat Fryslân dêr net oan meidwaan moat", seit De Jong.
Mark de Jong, út namme fan de boeren
Deputearre Klaas Fokkinga hat harren te wurd stien. "Wat ik begrepen haw fan dizze agrariërs dat sy it net iens binne mei de polityk út Den Haag. Dat binne wy ek net, dat hawwe wy oanjûn yn in brief. Dêrom lûke wy ek ús eigen plan." Dêr kin de provinsje in hiel ein mei komme, seit er.
Mar dêr is De Jong net tefreden mei. "Sy sizze: wy 'wólle dat net útfiere', mar net wy 'fiere dat net út'. Dat wolle wy skriftlik op papier hawwe, dat sy it belied fan Den Haag net útfiere."
Deputearre Klaas Fokkinga
Fokkinga set dêr foaroer dat de provinsje hannelet nei wat demokratysk fêststeld is. "Wy hawwe sein dat hjir yn dit hûs in stikstofprogramma fêststeld is troch de mearderheid fan de Steaten. Dat binne folksfertjintwurdigers. Dat is de basis is om fierder te wurkjen, sûnder dat wy foar eagen hawwe dat boeren fuort moatte út ús provinsje."
"Te ferwachtsjen"
De deputearre hat wol begryp foar de aksje. "It wie wol te ferwachtsjen dat net elsenien lyk yn dit dossier stiet", seit hy. "Ik begryp hiel goed dat dit in emosjonele saak is. It rekket bedriuwen en húshâldingen. En it rjocht fan demonstraasje is der, it is gjin probleem."

De Jong seit it spitich te finen dat it dochs mei protesttrekkers moat. "Mar as wy it sûnder materieel dien hiene, dan hiene wy in bakje kofje krigen en wie der sein: mei twa moannen hawwe jo in ôfspraak. Mar no is der wol tiid."
Plysje slút strjitte ôf om protest by Provinsjehûs tsjin kabinetsbelied