Undersyk Fries Sociaal Planbureau: benammen jongelju posityf oer Lelyline

Op it stasjon fan Ljouwert © ANP
Jongfolwoeksenen tusken de 18 en 39 jier binne positiver oer de oanlis fan de Lelyline as âlderen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (FSP) nei it Deltaplan voor het Noorden.
By jongfolwoeksenen is de stipe foar de plannen 56 persint, wylst dat by de oare groepen mar in goeie 40 persint is.
Om út te finen hoe't ynwenners fan Fryslân oer it Deltaplan tinke, hat it FSP harren 'Panel Fryslân' befrege. Yn dit boargerpanel sitte 7.000 leden fan ferskillende geslachten, leeftiden, opliedingsnivo's en ynkommens. De leden komme út alle streken fan Fryslân.
It Fries Sociaal Planbureau hat ûndersyk dien nei de Lelyline
Oer de oanlis fan de Lelyline binne de mieningen yn it algemien bot ferdield. 46 persint is posityf of hiel posityf, wylst 24 persint der negatyf oer tinkt.
De minsken dy't der negatyf oer tinke, binne benammen benaud foar negative effekten foar it miljeu, de natuer en it lânskip. Foarstanners lizze de klam op de fluggere ferbining mei de rest fan it lân.
It trasee foar de Lelyline © Omrop Fryslân
Fierder binne minsken dy't in hegere oplieding hân hawwe binne faker posityf oer de Lelyline as minsken mei in legere oplieding. Yn plakken mei mear as 15.000 ynwenners is der mear entûsjasme foar de plannen as yn plakken mei minder ynwenners.

Ekstra wenten foar Friezen

Yn it Deltaplan stiet ek dat der in protte huzen byboud wurde moatte. Friezen kinne har hjir yn it algemien wol yn fine, mar allinnich as de huzen ek foar de hjoeddeiske ynwenners fan Fryslân bedoeld binne.
Foar de respondinten stiet it behâld fan de libbenskwaliteit hjirby foarop. It fergrutsjen fan de oanloklikens fan Fryslân as wenplak foar nije ynwenners kin op minder stipe rekkenje.
Nijbou yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd © ANP
De ûndersikers konkludearje dat de ynwenners fan Fryslân mear wearde hechtsje oan de doelen dy't bydrage oan regionale ûntwikkelingen as de doelen dy't bydrage oan lanlike fraachstikken.
Yn harren oardiel oer it Deltaplan waacht de kwaliteit fan it lânskip, de natuer en it miljeu swierder mei as de ekonomyske wearden. It FSP neamt dat 'opfallend'.
Dirk Postma fan it Fries Sociaal Planbureau
Oanfoljend op it ûndersyk fan it FSP kinne Friezen ek op it digitale partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân yn petear oer de plannen fan it Deltaplan. De reaksjes wurde troch Provinsjale Steaten brûkt foar it debat op 13 july.