De toan fan Froukje Sijtsma: "Hjir bin ik, wa bisto?"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"In goed jier lyn frege radiopresintator Jacob Stelwagen oft ik ek ien fan syn fêste wyklikse kollumnisten wurde woe. Ik twivele doedestiids behoarlik om't ik tocht dat ik der net genôch tiid foar hawwe soe.
Boppedat wie it in ivichheid lyn dat ik überhaupt in kollum skreaun hie. Jacob stelde foar om it earst ris tsien wiken te besykjen. Wy hawwe it dernei der nea wer oer hân.
De toan fan Froukje Sijtsma
Dit is alwer myn 55e kollum, en as ik ris troch de bestannen op myn laptop skrol, dan haw ik in skala oan ûnderwerpen by de ein hân. Oer saken dy't my opfoelen of dêr't ik my drok oer makke. Oer it belang fan in universitêre stúdzje Frysk foar it yn stân hâlden fan ús taal bygelyks. Of oer mear omtinken yn Nederlân foar it betinken fan de ôfskaffing fan de slavernij.
Ek fernuvere ik my deroer dat wy as Friezen net folle mear yn opstân komme tsjin de oerheid dy't ús gaswinning troch de strôt triuwt. Ek stelde ik dat it toerisme yn ús provinsje sa njonkelytsen ien grut ynvestearringparadys is, mar dat fakânsjefiere mei in smelle beurs sa stadichoan in utopy is.
In jier lyn hie ik net betinke kinnen dat ik der alle wiken wer nei útsjen soe om in kollum te meitsjen. Ik sis wolris: myn kollum is it deiboek dat ik earder nea skreaun haw. Geregeld fertel ik jim oer myn jeugd en oare oantinkens. Oer hoe't ik yn in hearlik rûkend koekjesdoarp opgroeide yn in húshâlding mei fiif famkes. Mei in mem dy't op har grientetún grouwe reuzepompoenen ferboude, dy't wy fansels de hiele winter weromseagen op de itenstafel.
Fierder helle ik oantinkens op oan de lêste Alvestêdetocht op redens en fertelde ik oer it ûntsnappingsferhaal fan myn pake út in wurkkamp yn de Twadde Wrâldoarloch.
Mar ik fertelde ek geregeld oer mysels. In skoft lyn trof ik in kenniske fan eartiids, dy't no psycholooch is. Sy sei dat se geregeld myn kollums lêst of beharket, om't se it stikem hearlik fynt om efkes by in oar yn 'e hûs te loeren.
Want gauris diel ik ek persoanlike ferhalen mei dy. Bygelyks oer hoe dreech ik it fûn om nei myn relaasjebreuk allinnich mei myn dochter op fakânsje te gean. En oer de ienâlderfakânsje dy't ik letter mei har ûndernaam.
Ek kaam ik geregeld oansetten mei aparte ferhalen: oer de meneuvels fan in eardere skjinmakster, dy't ûnder wurktiid op myn bank lei te sliepen en frege oft se by my thús wol efkes ûnder de pomp mocht.
Yn myn alderearste kollum fertelde ik al wêrom't ik noch mear twivele om kollumnist te wurden. Ik sei: "Ik freegje my ôf oft ik der goed oan doch om in ferskaat oan libbensferhalen of myn gedachten en gefoelens mei dy te dielen. Want do krijst sa wol ynsjoch yn myn libben. Mar hé, ik ken dy miskien wol hielendal net. En dat fielt wol apart."
Dat gefoel haw ik noch altyd wol. Want wa harkje woansdeitemoarns eins nei myn ferhalen op de radio? En wa lêst se bygelyks op de webside? En mei hokker gefoel dochsto dat en wat fynsto fan myn ferhalen en stânpunten?
Sa no en dan krij ik fia de mail aardige reaksjes fan ûnbekende minsken. Bygelyks fan in dûmny, dy't him hiel bliid en grutsk fielde, om't ik in oade skreaun hie oan syn Fryske dialekt fan de Súdwesthoeke. Ek krige ik in handige tip fan in harker oer wat foar type slot ik keapje moatte soe, om foar te kommen dat ik mysels nochris bûtenslute soe yn myn eigen hûs.
In fantastyske reaksje krige ik ek fan in âld-klasgenoatsje fan my op myn kollum oer myn leafde foar dielnimmer Maud yn tv-programma Boer Zoekt Vrouw. Hy liet my witte: "Wy hawwe hjoed in Boer Zoekt Vrouw-bingewatchsesje hân. Wat koe my BZV skele, mar dyn kollum plante in siedsje. Maud is in pop."
Lêst kaam ik Janke van der Meulen tsjin, myn dosinte Frysk fan de middelbere skoalle. Har man sei: "Janke en ik harkje alle woansdeis nei dyn ferhalen. Ik set de kofje klear en as it tsien oer achten is, dan sis ik altyd tsjin Janke: "It is hast safier hear, Froukje komt der wer foar." Wat wie dat moai om te hearren!
En dan is der noch Nynke, in hiele leave en trouwe harker fan Omrop Fryslân dy't geregeld reagearret op myn kollums. Wy binne in bytsje skriuwfreondinnnen wurden en sille ynkoarten in bakje kofje drinke.
Wat my oanbelanget, gean ik foarearst noch troch mei it fertellen fan ferhalen, mar ik bin dêrneist ek hiel benijd nei dyn miening. Hokker fan myn ferhalen stelsto op priis? En wat soesto graach mear hearre of witte wolle? Of binne der miskien wol tema's, dy't neffens dy net genôch oandacht krije yn de media en dy't grif in kearke oansnien wurde moatte?
Fiel dy frij om ris te reagearjen op myn kollums of ynspirearje my mei ynbring foar nije ferhalen. Ik sjoch dyn mailtsje hiel graach yn 'e mjitte op froukje.sijtsma@omropfryslan.nl."