FNV wol fûns om soarchmeiwurkers mei long covid te kompensearjen

Bloeddruk mjitte fan in pasjint mei long covid © ANP
Sa'n tûzen soarchmeiwurkers binne harren baan kwyt of driigje dy kwyt te reitsjen, om't se langer as 2 jier thússitte mei long covid. Dat seit it fakbûn FNV. Dat hie in spesjaal meldpunt ynrjochte.
By it meldpunt hawwe 4800 minsken harren meld. 4200 fan harren kamen út de soarch. It FNV makket him hurd foar dizze minsken.

Petear mei de minister

It fakbûn hie tiisdei in petear mei minister Conny Helder foar Langduorjende Soarch en Sport. "Het was een uitputtend en emotioneel gesprek", seit Kitty Jong fan de FNV. "Ik was daar met zeven zorgverleners die inmiddels hun baan kwijt zijn, maar nog ernstige klachten hebben en ook financiële problemen."
Jong hat in goed gefoel oerholden oan it petear. "De minister leek heel goed doordrongen van de ernst van de zaak. De zorgverleners konden het ook goed uitleggen. Het was een indrukwekkend gesprek en de minister leek daar wel gevoelig voor."

Long-covidfûns

Konkreet wol de FNV dat der in long-covidfûns komt. Sa moatte minsken kompensearre wurde. "Met een bedrag van 22.000 euro", seit Jong. "Dat bedrag kennen we van andere beroepsziektefondsen. Daar is dus geld voor, dat is het punt niet."
De minister woe dêr oer trije wiken op weromkomme, mar dat duorret te lang, fynt Jong. "Deze mensen zijn zo ziek en hebben zo veel financiële onzekerheid: er moet zo snel mogelijk iets komen."
Jong is ek lilk dat de oerheid mooglik in RIVM-rjochtline beynfloede hat. "Iedereen heeft de mond vol van wat Sywert van Lienden geflikt heeft en terecht. Maar wat hier is gebeurd, is dat de overheid een RIVM-richtlijn heeft beïnvloed waardoor beschermingsmiddelen aanvankelijk niet nodig waren, terwijl er wel inzichten uit het buitenland waren dat mondmaskers wel degelijk hielpen."
De FNV beriedt him noch op eventuele juridyske stappen.
Kitty Jong fan FNV