Deiboek fan Dariya: skipperjend tusken ûnwennigens en in nije takomst

© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariya (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 14: oer har heit en mem.
"Ik wol dizze kear graach wat fertelle oer it libben fan myn âlden en my yn Nederlân. Myn heit en mem binne aktyf op syk nei wurk, om har produktyf te fielen en net allinne mar thús te sitten. Gewoanwei help ik har mei de taal as sy sollisitearje by wurkjouwers.
Nettsjinsteande dat is it noch hieltyd in grut probleem om wurk te finen dêr't it net sa wichtich is om kennis fan it Nederlânsk of it Ingelsk te hawwen.

Fytse, kuierje en yn de tún

Op oare mominten bringe wy in soad tiid bûten troch, fytsend yn de omkriten fan De Gordyk, Beetstersweach en oare plakken. Of wy rinne troch de doarpen hinne.
Fierder hawwe wy ek in soad wurk oan ús hûs, dat wy fan de oerheid krigen. Myn mem en in oare Oekraynske frou fan ús hûs hawwe in lytse tún makke foar ús hûs. No kinne wy wat planten en blommen groeie litte. Wy binne noch oan it neitinken oer wat wy noch mear plantsje kinne.
Dariya en har âldelju © Dariya Merkotan
Myn mem is drok mei it learen fan de Ingelske taal. Sy kin al wat Ingelsk prate sûnder myn help, mar allinne oer simpele ûnderwerpen. Fierder is myn heit Oekraynske minsken oan it helpen dy't te lijen hawwe fan pine yn 'e rêch, troch har te massearjen.

Unwennich

Ofrûne wike lies ik op it ynternet dat in soad Oekraynske minsken werom geane nei ús lân om't sy ûnwennich binne. Ik haw it dêr in soad oer hân mei myn âlden. It is noch hieltyd hiel gefaarlik om yn Oekraïne te wêzen. Ik wurd benaud by de gedachte no werom te gean nei Oekraïne.
Spitigernôch fiele in soad minsken har net komfortabel yn in oar lân, fanwegen de ferskillen yn mentaliteit en de wize fan libjen. Dêrom tink ik ek dat de measte Oekraynske minsken yn de lannen ticht by Oekraïne bliuwe, om't dêr de gewoanten noch mear op dy fan ús lykje.

'Better foar ús'

Myn âldelju en ik wenne oan it libben yn Nederlân en wy wurdearje it bot, mar myn heit en mem fiele har somtiden ek flink ûnwennich. Sy snappe dat sy pas weromkomme kinne as it feilich is yn Oekraïne. Ik fiel my somtiden ek wol ûnwennich. Mar om earlik te wêzen: ik haw it idee dat it no better foar my is om earne oars te wêzen.
Ik fiel my mear frij en wis yn Nederlân as yn Oekraïne. Ik hâld fan de mentaliteit fan de Nederlanners en ik bin begûn fan dit lân en de kultuer te hâlden. Ik tink dat myn libben wol oan Nederlân ferbûn is.
Dariya yn Grins © Dariya Merkotan
Fierder set dizze wike myn eksamenperioade útein yn de Oekraynske universiteit, dus meastentiids bin ik drok mei it heljen fan deadlines en it tarieden foar eksamens.
Tagelyk sykje ik ynformaasje oer it studearjen yn Nederlân en it stjoeren fan myn papieren nei ferskate universiteiten yn de omkriten, om te besykjen hjir te studearjen. Ien fan myn dreamen op dit stuit is om op Rijksuniversiteit Groningen talitten te wurden en ik hoopje dat dit gau slagget."