Provinsje wol fêsthâlde oan eigen plannen om stikstofútstjit te beheinen

Kij yn de greide © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Deputearre Steaten fan Fryslân keare harren tsjin de emisjedoelen dy't it kabinet opstelle litten hat. De provinsje wol fêsthâlde oan harren eigen Fryske oanpak mei it 'Uitvoeringsprogramma Stikstof Fryslân'.
Yn in brief oan de ministers Christianne van der Wal en Henk Staghouwer dy't oer de stikstofoanpak geane, skriuwe Deputearre Steaten dat se it Uitvoeringsprogramma Stikstof Fryslân fêststeld hawwe op basis fan doelstellingen út de Wet Stikstofreductie en Natuurverbetering.

'Onaangenaam verrast'

Neffens de provinsje geane de emisjedoelen dy't it kabinet freed presintearre hat lykwols folle fierder. De provinsje fynt dat der dêrmei sprake is fan net-likense ferdieling fan de reduksje-opjeften en de ympakt yn de provinsje.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de brief fan de provinsje
Yn it brief stelle Deputearre Steaten fierder dat se 'onaangenaam verrast' binne troch de grutte reduksje-opjefte fan de Waadeilannen en de Waad- en Iselmarkust. De provinsje wiist dêrby op in earder mei âld-Lânbouminister Carola Schouten ôfsletten kontrakt wêryn't stiet dat der tegearre mei melkfeehâlders op Skiermûntseach sjoen wurdt nei hoe't se de stikstofútstjit ferminderje kinne.
Mei de presintearre doelen binne melkfeehâlderijen op de eilannen lykwols hielendal net mear mooglik. De provinsje is dêr net oer te sprekken.

Mear draachflak

Deputearre Steaten wol dêrom fêsthâlde oan it earder opstelde Fryske plan om de stikstofútstjit te beheinen. De provinsje ferwachtet dat de Fryske oanpak liedt ta in duorsume transysje fan it lanlik gebiet dy't op mear draachflak rekkenje kin.
Deputearre Klaas Fokkinga
De provinsje trunet derop oan dat der in bettere ôfstimming komt tusken de ministearjes en provinsjes om ta in mienskiplik plan te kommen foar de stikstofoanpak.