Slachfjild driget op It Gryn: klikstirnsen no ek troffen troch fûgelgryp

In deade klikstirns © Natuurmonumenten
De grutte briedkoloanje fan klikstirnsen op It Gryn is no ek troffen troch fûgelgryp. Dat lit natuerbehearder Natuurmonumenten witte.
Der briede no sa'n 2.900 spantsjes. Op Teksel dêr't ek in hiele grutte briedkoloanje sit, is it no al in slachfjild; safolle deade fûgels wurde dêr fûn.
Op It Gryn giet it sa hurd noch net, mei op syn meast tsientallen deade fûgels. Mar de ûnderfining is dat it sa begjint en dat it der nei ferrin fan tiid folle mear wurde. De natuerbehearder kin der eins net in soad oan dwaan.
Der wurdt wol besocht om deade fûgels fuort te heljen om fersprieding foar te kommen, mar tagelyk kin it fersteuren fan fûgels ek wer ta fersprieding liede. Dizze hiele besmetlike H5N1-fariant is earst fûn yn koloanjes yn Frankryk, Denemarken en Skotlân.

"Ferskriklik"

Natuurmonumenten hie hope dat it oan It Gryn foarby gean soe, mar dat is net it gefal. Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten fynt it 'ferskiklik'. De briedpopulaasje op it eilân stiet al ûnder druk.
"Dit giet ús seker oan it hert. Dy klikstrinsen hawwe it al hiel swier", seit Zwart. "De briedsuksessen wurde hieltyd minder en minder. Dus it is wol hiel spitich om te sjen dat in grut part fan dizze fûgels no deagean sil."
Yn it Hegewiersterfjild by Harns binne de lêste dagen ferskate deade klikstrinsen fûn. Natuurmonumenten warskôget om sels gjin deade of sike fûgels oan te reitsjen, en ek harren hûnen der by wei te hâlden.
Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten