Foarstel foar 150 tydlike huzen op âlde A7-trasee oan súdkant De Jouwer

Oer dizze braaklizzende grûn efter de Sewei rûn eartiids de A7 © Google Street View
It kolleezje fan De Fryske Marren wol witte oft it mooglik is om 150 tydlike, lytse huzen te bouwen op in stik fan it âlde trasee fan de A7 op De Jouwer. It giet om de strook grûn tusken de Sewei en de Parallelwei.
Boargemaster en wethâlders hawwe grut ferlet fan mooglikheden foar wenromte, fanwege de krappe huzemerk. It kolleezje wol dêrom net allinne nei permaninte wenten sjen, mar ek nei tydlike, lytsere wenten.
It kolleezje stelt oan de gemeenteried foar om út te sykjen oft it helber is om tydlike huzen te bouwen op de braaklizzende strook grûn dêr't jierren lyn de sneldyk A7 rûn, foar de oanpak fan it knooppunt op De Jouwer.

In jier wenromte foar spesifike groepen

It flekswenjen soe in oplossing wêze kinne foar spesifike groepen, lykas starters, ynternasjonale wurknimmers of minsken dy't fluch ferlet hawwe fan in hûs, bygelyks nei in skieding.
De huzen soene foar sa'n 15 jier boud wurde kinne en foar bewenners soe in tydlik hierkontrakt oant maksimaal in jier mooglik wurde moatte. It oanlizzen fan 150 huzen kin it bêste by ien fan de grutte plakken, sa is de gemeente fan betinken. Sa kinne bewenners ek gebrûk meitsje fan de foarsjenningen.

Gemeente al eigener

De gemeente is al eigener fan de grûn, dêrtroch soe it ûntwikkeljen fan it plan flugger kinne. Ek rinne der genôch diken om dizze A7-sône hinne. Yn 2012 hat de ried fan de doetiidske gemeente Skarsterlân al oanjûn dat in wen-wurklokaasje winsklik wêze soe foar it gebiet.