Provinsjes liede needklok yn Den Haag: "Onmisbaar ov onder grote druk"

In bus op it stasjon yn Ljouwert © ANP Foto
De Ryksoerheid moat ferfiersbedriuwen dy't troch corona yn finansjele problemen kaam binne langer stypje. As dat net bart, bestiet de eangst dat in soad provinsjes en ferfierregio's twongen binne om yn 2023 sa'n 20 oant 30 persint fan it ov te skrassen.
Dat skriuwe de deputearren fan alle tolve provinsjes tiisdei yn Trouw. Ut namme fan de provinsje Fryslân ûndertekene Avine Fokkens (VVD).

Gefolgen fan corona field

Neffens de deputearren 'kreaket en pipet' it iepenbier ferfier noch hieltyd ûnder de gefolgen fan corona. Sa naam it tal reizgers yn 2020 en 2021 ôf mei gemiddeld goed 50 persint, skriuwt RTV Noord.
Oerheden holden nettsjinsteande dizze delgong sa'n 90 persint fan it netwurk yn stân. Neffens de provinsjale bestjoerders mei in reden: "Het ov is een onmisbare publieke voorziening."

Werstel duorret noch lang

De deputearren ferwachtsje dat de folsleine weromkear fan reizgers seker oant 2026 duorret. "Het herstel van het ov gaat langer duren en duurder uitpakken", warskôgje se. Se pleitsje foar finansjele stipe fanút it Ryk en it opstellen fan in "afgesproken transitieplan om het openbaar vervoer weer gezond te maken".

Eangst foar 'ferfiersearmoed'

As dat net bart, binne se benaud foar 'ferfiersearmoed'. Ofwol dat minsken net komme kinne wêr't se wolle. "Het ov is voor veel mensen een levensader, naar het werk, de markt of oma. Geen openbaar vervoer betekent voor velen: geen mobiliteit. Dat is sociale armoede. Rijk, neem uw verantwoordelijkheid."