Fryslân royaal mei bloed, mar 2.000 nije donoaren binne der noch net

In frou donearret bloed © ANP
Fryslân is in goederjouske provinsje by de bloedbank, mar de 2.000 nije bloeddonoaren dy't Sanquin yn maart socht, binne noch net fûn. Sanquin docht op Wrâld Bloeddonordei op 'e nij in oprop.
Fryslân is aardich royaal, seit Merlijn van Hasselt fan Sanquin. "Als je het vergelijkt met de rest van Nederland doet Friesland heel mooi en goed mee. In totaal wel zo'n 12.500 bloeddonoren en nog eens 4.000 voor plasma."
Yn maart makke de bloedbank lykwols bekend noch 2.000 nije donoaren te sykjen yn ús provinsje, benammen yn Ljouwert. Sanquin murk dat minsken minder faak reagearren op in útnûging om te donearjen. Dat hie doe ek mei it coronafirus en it grypseizoen te krijen.
Om't de opkomst sa'n tsien persint leger lei, hie dat fuortendaalks effekt op de hoemannichte bloed en plasma dy't beskikber wie foar de sikehuzen.
De oprop fan Sanquin die fertuten. Dochs is it doel noch net helle. "Het heeft gewerkt, maar de 2.000 hebben we nog niet gehaald. Dus wie het overweegt is zeer welkom, met name de plasmadonoren", seit Van Hasselt.

Bloed en plasma

Van Hasselt leit nochris út wat krekt it ferskil is: "Bloed wordt gegeven aan iemand die juist heel veel bloed heeft verloren, dat zijn de rode bloedcellen die van donoren komen. Plasma is ingewikkelder, dat is eigenlijk het vocht in het bloed waar al die cellen in drijven."
Ek dat plasma is fan belang. "Daar zitten eiwitten in zoals hormonen en andere regulerende stoffen, die helpen om bijvoorbeeld bloedstolling of afweer aan te sturen. Die eiwitten kunnen we eruit halen om ze aan te bieden aan patiënten die daar problemen mee hebben. Het is een belangrijke donatie om mensen hun leven te redden of aangenamer te maken."

Yntrodusees

Sanquin hat mei Wrâld Bloeddonordei de besteande donoaren frege om yntrodusees mei te nimmen. "Om het eens te laten zien en vragen te beantwoorden. We nodigen iedereen uit om eens te kijken hoe het er aan toe gaat bij een bloedbank."
Minsken dy't har oanmelde wolle as donor, kinne dat dwaan op de webside fan Sanquin.