Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: 'Swalker'

Sigrid Kingma © Dichter fan Fryslân, Reyer Boxem
It fiifde gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân hjit 'Swalker', ynspirearre op Bosk fan Arcadia, in mearke-eftige belibbing. It grien yn Ljouwert hat in bysûndere útwurking op foarbygongers. Minsken strike der as fûgels del en rinne sigesaagjend en fluitsjend troch nei harren wurk of ôfspraak. By Bosk heart poëzy.
Swalker
Der stapte in bosk op it stasjon om
der't ik drompels yn bedobje koe
de stêd in freonlike sêftens
yn in rook fan swartebeiblêd.
Der siet in bosk by de bibleteek
der't boekjelêzers yn fuortdreame oer
prinseskes dy't stobben oankrûpe
tinzen fluitsje tusken tûken
fernimme hoe't guon meibewege.
Dêr swalket er mei koarte poatsjes
statich troch de binnenstêd
op syk nei paradyslike sankjes
hommels de hoeke om.
Klavers op strykhichte weevje
in tekken fan grientinten lit my
ferdwine yn it filtere sinneljocht
nije stekjes stêd ûntdekke
djipwoartele langsten kennen leare.
Kalm fearjend beamtegrien
heint ferblide wylde fûgels
op klanken fan it hert
oan de ein liken as alles
wer útien mar frij en stadich
yn fêste grûn de hichte yn.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl. Sigrid Kingma is de tredde Dichter fan Fryslân. De earste wie Eeltsje Hettinga, dy't foar syn wurk de Gysbert Japicxpriis krige en dêrnei wie Nyk de Vries de Dichter fan Fryslân.
It fjirde gedicht fan Sigrid Kingma wie 'Wjuklam', it tredde gedicht wie 'Helden', it twadde wie 'Klútsjes' en it earste gedicht wie 'Trui'.