GGD Fryslân taret op nije coronaweach: "De draaiboeken liggen klaar"

GGD Fryslân makket him klear foar in eventuele nije coronaweach letter yn it jier. Minister Kuipers fan Folkssûnens stelt ûndertusken dat alles sa lang as mooglik iepen bliuwe moat.
Sektoaren lykas ûnderwiis en hoareka moatte sels plannen klearlizzen hawwe as der wer in nije corona-útbraak komt. Lanlike maatregels, lockdowns en de sluting fan skoallen moat safolle mooglik foarkommen wurde, fynt Kuipers.
GGD is taret
De GGD hat leard fan eardere corona-útbraken en is sels yn rêstige tiden taret op oare senario's. Dat seit Derk Moor fan GGD Fryslân. "Wij hebben opschalingsplannen klaarstaan voor als we weer moeten testen en prikken en bron- en contactonderzoek moeten doen."
Moor kin him wol fine yn it plan fan Kuipers om maatregels safolle as mooglik ôf te hâlden. "Ik kan me voorstellen dat je de samenleving zo min mogelijk in de weg wilt zitten. Daar hebben we het afgelopen anderhalf jaar natuurlijk behoorlijk last van gehad."
Draaiboeken lizze klear
Mocht it mei de besmettingen dochs de ferkearde kant útgean, dan kin de GGD fluch wer opskale, al stiet noch net alles klear. "De infrastructuur kon niet helemaal intact worden gehouden, omdat er al langere periode geen vraag is", leit Moor út. "Maar de draaiboeken liggen klaar en die kunnen we meteen toepassen als het moet."
Ek kwa minsken makket Moor him net hiel drok. "Het wordt zeker een uitdaging, maar we zien ook dat mensen zich nu al bij ons melden. Ze zeggen: als jullie ons weer nodig hebben, bel dan maar."
Derk Moor fan GGD Fryslân