Oerol wol fernije yn it strjitteäter, mar de sfear is as fanâlds

Studio Cité op Oerol © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Oerol stiet fansels foar teäterfoarstellings op bysûndere lokaasjes op Skylge én it strjitteäter. Mar it festival stiet net stil en ûntwikkelet him fierder lykas op it mêd fan strjitteäter.
Lokaasjeteäterfestival Oerol is wer folop oan de gong en de sfear is as fanâlds. Dochs binne der aardich wat fernijingen, ien hjirfan giet oer it strjitteäter. Sa moat in útfiering faker echt by de lokaasje hearre en wol Oerol mear romte jaan oan in nij sjenre: 'sirkus/dûns/performance'.
Oerol: fernijings yn it strjitteäter
De foarstelling Exit fan Circumstances en goreograaf Piet Van Dycke dit jier op Oerol, is in goed foarbyld fan dit sjenre. Fjouwer spilers triuwe elkoar oan, rinne, botse, klimme en balansearje allegearre by en op in ynstallaasje mei in draaiende muorre en swevende doarren.
Oerol: Exit fan goreograaf Piet Van Dycke
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Omrop Fryslân is derby en docht hjirfan ferslach op radio, tv en online. Fan moandei oant en mei sneon komt der om 18 oere in ferhaal online.