Gerlof Kolk wint Nederlânsk kampioenskip sneldamjen yn Apeldoarn

Gerlof Kolk krijt de earste priis oerlange troch Frans de Jonge © Provinciale Friese Dambond
Gerlof Kolk fan Ljouwert is sneon Nederlânsk kampioen sneldamjen wurden yn Apeldoarn. Mei alve punten út sân wedstriden wie er te sterk foar Martijn van IJzendoorn en Yeun Wong.
It wie mear as tritich jier lyn dat in Fries it Nederlânsk kampioenskip wûn, fertelt Kolk. "Foar it lêst yn 1991, doe hat Auke Scholma him wûn. As je sjogge nei de Fries dêr wer foar, komme je yn 1983, myn bertejier, doe wie it Jannes van der Wal."
It sneldamjen is in fariant fan damjen. "Yn dit gefal hawwe beide spilers fiif minuten betinktiid, en mei elke set komme der wer fiif sekonden by. De praktyk leart dat je faak langer as dy fiif sekonden neitinke, dus dy tiid rint wol ôf."

Bêste acht

"Fan alle dielnimmers koene acht spilers harren pleatse foar de finalegroep", leit Kolk út. Hy wist him by de pleatsingswedstriden by de bêste acht te pleatsen, mar die noch net mei yn de top. "Ast dy dan pleatst, begjint it hiele aventoer wer op 'e nij." Yn de finalegroep spilen de bêste acht nochris sân wedstriden tsjin inoar.
Yn de finalegroep A1 krige Kolk de smaak te pakken. De Fries, dy't útkaam foar it Provinsjaal Frysk Dambûn, wûn fjouwer kear en spile trije kear remize. Hy ferlear gjin inkelde wedstriid.