Dokkumers berikke top Kilimanjaro foar goed doel: "Erg zwaar, we zijn kapot"

Jogchum van der Woude, Eelke Krol en Titus Vogt © Eigen foto
Trije Dokkumers hawwe de top fan de Kilimanjaro berikt. De freonen beklommen de berch yn Tanzania om jild yn te sammeljen foar Alzheimer.
"Wij staan op de top! Heel bijzonder en emotioneel! But we did it!", liet Jogchum van der Woude fan 'e moarn betiid witte. Tegearre mei Eelke Krol en Titus Vogt begûn hy ferline wike oan de meunstertocht.
"We zijn weer in het kamp. Wat een tocht. Erg zwaar en we zijn kapot", fertelde Van der Woude. Alle kontakt giet fia de satellyttelefoan, want oare kommunikaasjemiddels binne der net op de top. "Gaan nu uurtje rusten, dan eten en dan nog vier uur afdalen naar het laatste kamp."
De manlju beklommen de hast 6.000 meter hege berch om jild op te heljen en omtinken te freegjen foar Alzheimer, út namme fan stichting Ik bin Wil. Wil wie de mem fan Vogt. Sy ferstoar oardel jier lyn oan de sykte.
It doel wie om yn seis dagen de top fan de Tanzaniaanske berch te berikken en dat is slagge. Se krije dêrby begelieding fan in gids en in grut team fan dragers en fersoargers. Justerjûn om 23.00 oere leine de manlju it lêste stikje nei de top ôf. Dêr bleaunen se net lang, fanwege de tinne lucht en kjeld.
"Ze hebben er anderhalf jaar voor getraind, dus dat ze de top nu eindelijk hebben bereikt, geeft een geweldig gevoel", fertelt Lotte Vogt, dochter fan Titus. Yntusken binne se wer ûnderweis nei ûnderen.