Marion Koopmans net nei Oerol fanwege feiligensrisiko: “Het is heel heftig”
Firolooch Marion Koopmans soe woansdei in besite bringe oan it festival Oerol, mar fanwegen in 'feiligensrisiko' is der yn oerlis mei de plysje besletten dat sy net nei Skylge komt.
De meldt omrop AVROTROS. Koopmans soe nei Skylge foar in spesjale útstjoering fan it programma Opium, dêr't sy de haadgast wêze soe. Koopmans soe fertelle oer in foarstelling fan it selskip Via Berlin en de Universiteit van Amsterdam, dêr't sy oan meiwurke.
"Marion Koopmans zou daar vanuit haar rol als wetenschapper over vertellen", fertelt AVROTROS-wurdfierder Eric Dekker. "De voorstelling gaat over hoe wetenschap ons kan helpen om samen met elkaar te leven. Het is daarom extra wrang dat zij in dit licht niet kan komen."
Feiligens net te garandearjen
Yn oerlis mei de plysje is besletten dat it net tûk wêze soe har nei Skylge te heljen, om't de feiligens net garandearre wurde kin.
'Ernstige en kwalijke zaak'
"Het is heel heftig, daar mogen we best even bij stilstaan: dat een wetenschapper zich niet vrij kan begeven in de samenleving", seit Dekker. Hy neamt dat in 'ernstige en kwalijke zaak.'
It beslút om de besite te skrassen is ein ferline wike al naam. "Toen is besloten dat vanwege de actuele dreigingen rond haar persoon en het feit dat wij haar veiligheid op het eiland en het festival en het eiland niet kunnen garanderen, ze beter niet kan komen. Dat is heel erg spijtig."
Yn 't foar wist de omrop wol dat wittenskippers it faak ûntjilde moatte. "Eind vorige week werd ons de actuele situatie rond Marion Koopmans duidelijk. Daaruit volgde helaas de conclusie dat wij die verantwoordelijkheid niet kunnen nemen, omdat we de veiligheid niet optimaal kunnen garanderen. Als zij onze gast is, is dat het enige dat de doorslag moet geven."
Neffens Dekker wie it wol in dreech dilemma, want it is ek in beheining fan sjoernalistike frijheid. "Je kunt zeggen: je buigt voor bedreigingen. Maar aan de andere kant moet haar veiligheid ook voorop staan. Op een eiland met zo'n open structuur en in een festival met duizenden mensen, maakte voor ons dat het te gevaarlijk is voor haar. Dat is betreurenswaardig, in de eerste plaats voor Marion Koopmans zelf."
Koopmans krige as lid fan it Outbreak Management Team (OMT) earder al in soad bedrigingen en haatberjochten foar de kiezzen. Oft it skrassen fan de besite oan Oerol ek mei har rol yn de coronakrisis te krijen hat, is net bekend makke.
Koopmans twittere sels breinoer oer it beslút. "Dat je uitgenodigd bent voor Oerol en dat dat gecanceld wordt na overleg met de politie. Wetenschapper 2.0!", skriuwt sy. Op sosjale media binne in soad minsken fernuvere oer de gong fan saken.
Gjin details nei bûten
It beslút is neffens de omrop naam yn oerlis mei Koopmans. De organisaasje fan Oerol wol gjin taljochting jaan op it beslút.
AVROTROS wol dêr ek gjin útspraken dwaan oer de aard fan de driging. "Omdat het niet aan ons is als AVROTROS en omdat het de veiligheid van Marion Koopmans ook niet ten goede komt als daar te veel details over naar buiten komen."