Slachtoffers slim ûngelok Ofslútdyk binne man (85) en frou (81) fan It Hearrenfean

© ANP Foto
De deadlike slachtoffers fan in ferkearsûngelok op de Ofslútdyk op snein binne in 85-jierrige man en in 81-jierrige frou út de gemeente Hearrenfean.
Nei it ûngelok waarden se swierferwûne nei it sikehûs brocht, dêr binne se ferstoarn oan harren ferwûnings. Twa minsken dy't by it ûngelok ferwûne rekken binne in 87-jierrige man en in 83-jierrige frou út de Súd-Hollânske gemeente Midden-Delfland, meldt de plysje moandei.
Ek in fiifde persoan waard nei it sikehûs brocht nei it ûngelok, omdat er mooglik letsel oprûn hie. It giet om in 22-jierrige man fan Assen.

Kop-sturtbotsing

Op de Ofslútdyk wie der om 16.15 oere hinne sprake fan in kop-sturtbotsing yn de buert fan Koarnwertersân. By it ûngelok wiene fjouwer auto's belutsen.
Hoe 't it ûngelok krekt barre koe, wurdt noch ûndersocht. De plysje ropt tsjûgen op harren te melden.