Fryslân hat yn tiden fan krapte dochs in heech tal minsken net oan it wurk

Op in soad plakken wurde op it stuit minsken frege © ANP Foto
Ut sifers fan it CBS docht bliken dat Fryslân ferline jier in boppegemiddeld 'ûnbenut arbeidspotinsjeel' hie. Dêrmei stiet Fryslân as provinsje op in fjirde plak.
Unbenut arbeidspotinsjeel bestiet út wurkleazen, semy-wurkleazen en ûnderbenutte dieltiidwurkers. It giet om minsken tusken de 15 en 75 jier.
Semy-wurkleazen binne minsken dy't fierder fan de arbeidsmerk ôfstean. Sy hawwe óf resint wurk socht of binne fuort beskikber. Underbenutte dieltiidwurkers binne minsken dy't mear oeren wurkje wolle en der ek beskikber foar binne.
Nei Grinslân, Súd-Hollân, Noard-Hollân en Flevolân hat Fryslân it heechste arbeidspotinsjeel dat net benut is. Yn de súdlike provinsjes leit it ûnbenut arbeidspotinsjeel it leechst.

Mear froulju

Opfallend is dat by froulju faker ûnbenut arbeidspotinsjeel foarkomt as by manlju. Yn Fryslân giet it om 11,4 persint fan de froulju (tusken 15 en 75 jier) en 9 persint fan de manlju.
Dy ûngelikense ferhâlding komt ek yn de rest fan Nederlân werom. Omdat froulju faker yn dieltiid wurkje is de groep ûnderbenutte dieltiidwurkers ek in stik grutter as by manlju.
In restaurant yn Ljouwert siket personiel © ANP
As je sjogge nei gemeentlik nivo, dan leit yn Fryslân it ûnbenut arbeidspotinsjeel yn gemeente Ljouwert (12 persint) en gemeente Smellingerlân (10,7 persint) it heechst. Op de eilannen is dit krekt it leechst: sa tusken de 8 en 9 persint.