Twa minsken ferstoarn by slim ûngelok op de Ofslútdyk

In traumahelikopter ûnderweis nei it ûngelok © CAMJO media
Op de Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân is sneintemiddei om 16.15 oere hinne in slim ûngelok bard. By it ûngelok binne in man en in frou om it libben kaam.
Twa oare minsken rekken ferwûne. Neffens de plysje wiene der fjouwer 'voertuigen' by it ûngelok belutsen.
Twa traumahelikopters kamen te plak. Ek de brânwachtkorpsen fan Frjentsjer en Wytmarsum waarden oproppen om help te ferlienen.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. Dêrfoar binne ek tsjûgen heard.

Dyk ôfsletten

De A7 yn de rjochting fan Fryslân hat hast fiif oeren ôfsletten west. Ferkear moast omride fia de A6 of fia de Houtribdijk (N307).
It ferkear dat op de Ofslútdyk yn de fêst stie, waard foar in part weromlaat nei Den Oever. Guon fan harren hienen fjouwer oeren stilstien. As se ien kear fan de Ofslútdyk ôf wienen moasten se dan dus noch fia de omliedingsrûte nei Fryslân.
It lêste ferkear op de dyk, dat it tichst by it ûngelok stie, koe krekt healwei njoggenen oer de flechtstrook har reis ferfolgje yn de rjochting fan Fryslân.