Steenstra-en-dy winne haadklassewedstriid yn Stiens

De winners yn Stiens: Hans Wassenaar, Tjisse Steenstra en Renze Hiemstra © Henk Bootsma
De haadklassewedstriid by it keatsen yn Stiens is sneintemiddei wûn troch Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Yn de finale wiene se mei 5-2 6-6 te sterk foar Peter van Zuiden, Kevin Jordi Hiemstra en Gerben de Boer.
It winnende partoer hie yn de heale finale net in soad muoite mei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra: 5-2 6-6. Van Zuiden-en-dy berikten de finale troch te winnen mei 5-1 6-4 fan Bauke Triemstra, Sjoerd de Jong en Patrick Scheepstra.
Steenstra waard útroppen ta kening. De tredde priis yn Stiens gie úteinlik nei it partoer fan Van der Bos.

Froulju

De frijeformaasjepartij foar froulju yn Weidum is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Yn de finale fan de haadklassewedstriid wûnen se fan Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra.