Tryater annulearret alle foarstellingen fan Under Wetter op Oerol

Boerinne Tamara Schoppert mei Rogier 't Hout as har boekhâlder en Joop Wittermans as pake Hendrik © Anna van Kooij
De foarstelling Under Wetter is dit jier net mear te sjen op Oerol. Tryater hat alle foarstellingen annulearje moatten fanwege coronabesmettingen binnen de cast.
Inkelde spilers en dûnsers binne freed posityf test. Doe hope it teäterselskip noch dat snein de foarstelling wer spile wurde koe. Snein die lykwols bliken dat der ferskate besmettingen bykaam wiene ûnder spilers en dûnsers.
"We tochten en hopen dat corona achter ús lei. It is tige spitich om te konstatearjen dat wy der no dochs flink troch troffen binne. We nimme no ús ferlies en soargje derfoar dat elkenien wer hielendal fit is foar de twadde spylperioade yn Wergea, fan 28 juny ôf", seit artistyk lieder Tatiana Pratley.
Foar de spylperioade op Skylge stie Under Wetter yn Wergea dêr't it by de iisbaan spile waard. De foarstelling komt nei Oerol wer werom nei Wergea (28 juny-9 july).