Boekekast #6 'Sille wy in spultsje dwaan?', in ferhaal fan Nyk de Vries

Nyk de Vries, Boekekast © Omrop Fryslân
Yn de literêre podcast Boekekast hjoed it ferhaal 'Sille wy in spultsje dwaan?'fan Nyk de Vries. Boekekast publisearret acht ferhalen fan it projekt Utsteld Gelok, mei in ynterview mei de skriuwer.
Lústerje nei Boekekast mei skriuwer Nyk de Vries en syn ferhaal 'Sille wy in spultsje dwaan?'
Dit ferhaal fan Nyk de Vries is op sneon 11 juny foarlêzen troch Suzanne van Zwam yn Fruittuin de Struikrover yn Aldeholtpea. It ferhaal begjint mei it spultsje: wa't it langst stil wêze kin. Mar de ik-persoan hâldt fol, har swijen giet troch. Jierrenlang.
Fan 7 maaie oant en mei 14 augustus wurdt alle dagen in ferhaal foarlêzen op paradyslike plakken yn Fryslân. 100 ferhalen, 100 dagen lang. Dit projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk is betocht en organisearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature.
It sykjen nei skjintme, nei gelok, komt fan de 14e iuwske 'Decamerone' fan de Italiaanske dichter Boccaccio. Jonge minsken, op de flecht foar de pestepidemy yn Florence, fertelle elkoar yn de iepen loft moaie ferhalen.
Decamerone van Boccaccio © J.W. Waterhouse
De sân oare ferhalen yn Boekekast binne fan Bart Kingma, Berber Bouma, Nicole van den Berg, Sietse de Vries, Welmoed Wijma, Koos Tiemersma en Anita Terpstra.
Boekekast is in podcast fan Omrop Fryslân en 'Boeken fan Fryslân' en wol Fryske skriuwers in poadium biede en mear omtinken jaan oan literatuer.