Kultuerhistoarysk kuierje op Skier: oer katten sûnder earen en wurkmûntsen

Dielnimmers mei gids Hilbert de Vries by de kuier op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Dat de namme Skiermûntseach komt fan de skiere (grize) mûntsen dy't der wennen, is by in soad minsken wol bekend. Mar dat der tsjintwurdich mûntsen wenje dy't der ek in kleaster stichte ha, wit miskien net elkenien. It is ien fan de ûnderwerpen dêr't oer ferteld wurdt by in kultuerhistoaryske kuiertocht troch it doarp op it eilân.
De middei dat Buro de Vries meigiet te kuierjen, is Hilbert de Vries de gids. Hy is net berne op Skiermûntseach, mar wennet der al lang. It bestudearjen fan de histoarje fan it eilân is syn hobby.
Skiermûntseach hat lang yn besit west fan de famylje Stachouwer. Dy famylje hie regels opsteld foar it bouwen fan wenningen en sa is de struktuer fan it âlde doarp ûntstien. Ek stelde it oare betingsten, somtiden wol hiel nuveraardige.
Je moest de oren afsnijden van de kat.
Hilbert de Vries, gids op Skiermûntseach
Sa mochten eilânbewenners gjin hûnen en katten ha. Letter waard dy regel oanpast en mochten se wol katten hâlde. "Maar je moest de oren afsnijden van de kat", fertelt De Vries. De famylje Stachouwer woe op kninen jeie en woe dêrby gjin konkurrinsje ha fan de katten.
"Als je een kat hebt waarvan de oren zijn afgesneden, dan komt die kat niet in het konijnenhol", leit De Vries út. "Dan krijgt hij namelijk het zand in de oren."
By de kultuerhistoaryske kuiertocht © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De famylje Stachouwer hie it eilân oant 1858 yn hannen en lei de basis foar it doarp sa't wy dat no noch altyd kenne. De folgjende eigener, mr. John E. Banck, realisearre de dyk dy't it doarp tsjin de see beskermet.
Banck hie it eilân net sa lang yn besit, want hy ferkocht it yn 1893 troch oan de Dútske graaf Von Bernstorff. Yn 1906 gie it eilân oer nei syn soan dy't der ûnder oare foar soarge dat de earste feardaam, wat no de jachthaven is, der kaam. De folgjende soan erve it eilân yn 1939, mar yn 1945 waard er ûnteigene omdat er Dútser wie.
De namme Skiermûntseach is maklik te ferklearjen. Skier betsjut griis en each is in âld wurd foar eilân. Skiermûntseach wie it eilân fan de skiere mûntsen, dy't de earste bewenners fan it eilân wiene.
It kleaster op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It wiene sistersiïnzer-mûntsen fan it kleaster Claercamp by Dokkum en dat jout daliks al oan dat der net in kleaster op it eilân wie. Tsjintwurdich is dat oars. Sistersiïnzers út Diepenveen sochten in oar gebou om har kleasterlibben troch te setten en keazen foar Skiermûntseach.
Yn de herberch Rijsbergen, dy't earder bewenne waard troch de famyljes Stachouwer en Von Bernstorff, is sûnt 2019 in kleaster fêstige, dêr't ek in pear karmeliten wenje. Doe't de mûntsen harsels foarstelden oan de doarpsmienskip op Skiermûntseach, diene se dat by trije gearkomsten yn it doarpshûs, by Hotel van der Werff en yn diskoteek Tox Bar.
De kultuerhistoaryske kuiertocht is alle woansdeitemiddeis en wurdt organisearre troch Natuurmonumenten yn gearwurking mei de VVV op it eilân.
Yn ús radioprogramma Buro de Vries is snein 12 juny in sfearreportaazje te hearren oer de kultuerhistoaryske kuiertocht op Skiermûntseach. It programma is fan 11.00 oant 13.00 oere en om 21.00 oere yn de werhelling.
Skiermûntseach: kultuer-histoaryske kuier