Lutz Jacobi ferkeazen yn partijbestjoer PvdA

Lutz Jacobi © ANP Foto
Lutz Jacobi fan Wergea is ferkeazen ta lanlik betsjoerslid fan de PvdA. Dat barde sneontemiddei op it partijkongres.
Hast njoggentich persint fan de leden wie foar de beneaming fan Jacobi. De beneaming is foar de kommende fjouwer jier.
De 66-jierrige politika siet fan 2006 oant 2017 yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Dêrnei siet se foar dy partij ek fjouwer jier yn de gemeenteried fan Ljouwert.
Sûnt 2018 is se direkteur fan de Waadferiening. Dêr hâldt se oan it ein fan dit jier mei op.