Under Wetter fan Tryater op Oerol giet oer om corona: "It is in domper"

Joop Wittermans mei dûnsers fan Ivgi&Greben op de achtergrûn © Anna van Kooij
De foarstelling Under Wetter fan Tryater en Ivgi&Greben kin troch corona noch net spile wurde op Oerol.
Inkelde spilers en dûnsers binne freed posityf test. Doe is besletten om de foarstelling op Skylge net te spyljen. Ek op dizze sneon giet de foarstelling net troch.
"It is hiel spitich en sa'n domper", neamt artistyk lieder Tatiana Pratley dit nijs. "We ha sa hurd wurke op it eilân. Tongersdei ha we noch in foarstelling spile foar de eilanners. Dat wie prachtich en de minsken wienen bliid. We hienen der sin oan om los te gean."
Under Wetter fan Tryater op Oerol giet oer om corona: "It is in domper"
Der wurdt in start makke mei repetysjes mei trije ferfangende spilers en dûnsers. It teäterselskip docht der alles oan om de foarstellingen sa gau as mooglik wer op te pakken. "We hoopje de foarstelling snein wer te spyljen."
De besmette spilers binne fuort yn karantêne gien en binne net slim siik.
Tatjana Pratley
Foar de spylperioade op Skylge stie Under Wetter yn Wergea dêr't it by de iisbaan spile waard. Nei Oerol (10-19 juny) komt de foarstelling wer werom nei Wergea (28 juny-9 july).