Fryske BoerBurgerBeweging en CDA ferbjustere oer stikstofplan

Femke Wiersma © ANP
De BoerBurgerBeweging wol sa gau as mooglik in rol spylje yn it deistich bestjoer fan de provinsje Fryslân. Dat seit de beëage listlûker Femke Wiersma fan de partij.
BBB wol foar de boeren rêde wat der noch te rêden falt. De partij is bot tsjin de stikstofplannen fan minister Van der Wal fan Natuer en Stikstof. Troch de oanpak fan it stikstofprobleem driget lanlik in tredde fan de feestapel te ferdwinen.
"We binne fan plan om rigoereuze wizigingen hjirop troch te fieren", seit Femke Wiersma. "De wet moat werom nei de tekentafel. Dy doelen dy't deryn stean, binne absurd. It hoecht ek net fan Brussel om it sa te dwaan. Wy binne derfoar om it op in oare manier te dwaan: wol oan de doelen foldwaan, mar net te'n koste fan ús boeren."

Jild oars brûke

"Al dy miljarden dy't no beskikber steld wurde kinst ek brûke om ynnovaasjes by boeren op it hiem te ymplemintearjen, sadat se wol oan de stikstofreduksje foldogge. We ha ek klimaatbelied wêrby't tal fan sektoaren hân yn hân mei it redusearjen fan broeikasgassen ek stikstof redusearje. Yn 2050 sjocht dit probleem der al hiel oars út."
BBB en CDA oer stikstof
Se fynt dat VVD en CDA de boeren ferleagene hawwe. "Dy binne akkoart gien mei bepaalde doelen yn de stikstofwet. De fêstige partijen fiele de hite azem wol yn de nekke, de BBB stiet der goed foar yn de peilingen, ek op provinsjaal nivo."
De partij wol graach in deputearre leverje. "BBB kin wolris de grutste partij wurde yn Fryslân."
Femke Wiersma fan BBB
Ek it CDA yn Provinsjale Steaten is net te sprekken oer de stikstofplannen fan it kabinet. Steatelid en melkfeehâlder Anne Schelhaas wennet yn Blesdike tsjin de grins fan Oerisel. Syn eigen pleats leit ek yn de saneamde transysjesône.
Hy is ferrast en ferbjustere. "It wie in ûnoangename ferrassing, foar my as boer en foar my as bestjoerder. Ik snap net goed wêrom't dy transysjegebieten deryn sitte. Stikstofreduksje by Natura 2000-gebieten wisten we dat dat moast, mar op dizze kaart stiet safolle mear. Dêr binne we ferbjustere oer. De transysjesône is nij en is ûnbesprekber."
© Omrop Fryslân
Syn partij is kritysk oer it feit dat de krityske deposysjewearde as iennige belangrike punt oerein bliuwt. "We moatte folle mear sjen nei it yn stân hâlden fan de natuer en minder nei siferkes. As CDA Fryslân kinne we hjir absolút net mei akkoart gean."
De partij wol werom nei it probleem by de Natura 2000-gebieten. "Dêr is in stikstofprobleem, dat we oplosse moatte. Ek yn it feangreidegebiet moatte dingen barre. Mar om dêr no samar in stikstofreduksje fan 47 prosint op te lizzen, is der fier by troch."
Anne Schelhaas fan CDA