Nederlân hat Lelyline by Europeeske Kommisje oanmeld foar ynternasjonaal TEN-T netwurk

Steatssekretaris Vivianne Heijnen © ANP
Nederlân hat de Lelyline ôfrûne woansdei yn Brussel oanmeld foar it Europeeske TEN-T programma foar wichtige ynternasjonale transportferbinings.
Steatssiktaris Vivianne Heijnen hat it nijs bekendmakke yn de keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat.
Ferline wike sei Eurokommissaris Adina Valean by in wurkbesite oan Rotterdam noch dat se hielendal gjin oanmelding fan Nederlân sjoen hie en dat de Lelyline dêrom foarearst net yn oanmerking komt foar stipe út Europa.

Offisjeel oanmeld

"Wat de Europees Commissaris heeft gezegd klopt, maar ik kan iedereen geruststellen. Nederland heeft de Lelylijn intussen officiëel aangemeld voor TEN-T en die heeft er in eerste instantie positief op gereageerd", ferklearre Heijnen yn de Twadde Keamer.
It definitive beslút om de Lelyline wol of net op te nimmen yn it TEN-T netwurk falt nei alle gedachten pas by de Europeeske Transportried yn desimber. It Fryske Keamerlid Habtumu de Hoop (PvdA) fynt dat Nederlân oan de lette kant is mei it oanmelden fan de Lelyline yn Brussel, want de opdracht fan de Twadde Keamer oan it kabinet om de Lelyline oan te melden leit der al in pear moanne.

Europeeske subsydzje

It opnimmen fan de Lelyline yn it Europeeske programma fan haadtransportferbinings TEN-T is needsaaklik om yn 'e beneaming te kommen foar Europeeske subsydzje foar de oanlis fan de Lelyline.
De kosten fan de Lelyline binne neffens de steatssekretaris '6 tot 9 miljard'. It kabinet hat 3 miljard foar de nije spoarline fan 125 kilometer reservearre, op betingst dat der ek in bydrage fan de Europeeske Uny komt.
Foar it promovearjen fan de Lelyline en de oanslutende spoarline nei Hamburch en Skandinavië ta in TEN-T-ferbining is ek de meiwurking fan Dútslân fan belang. Heijnen seit dat se hjiroer kontakt hat mei har Dútske kollega Michael Theurer. Hy sil ek op besite komme yn Den Haag om mei syn Nederlânske kollega Heijnen te praten oer it ferbetterjen fan de spoarferbinings tusken Nederlân en Dútslân.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
De noardlike spoarferbining tusken Grins en Leer wurdt lykwols al sûnt ein 2015 fersoarge troch bussen, omdat doe de Friesenbrücke oer de Iems stikken rekke by in slimme oanfarring. Dútslân is dwaande om dy âlde brêge te ferfangen troch in draaibrêge en hopet dat dy ein 2024 oplevere wurde kin.

MIRT-ferkenning

Heijnen sei fierder ek dat se de Lelyline de kommende tiid fierder ûntwikkelje wol rjochting in MIRT-ferkenning, in stúdzje dy't beskriuwt wat der nedich is om de spoarline opnimme te kinnen yn it mearjierreprogramma ynfrastruktuer fan it Ryk.
It giet dus noch net om in definityf beslút om de spoarline wol of net oan te lizzen, want dan moat der sicht wêze op de beskikberheid fan 75 persint fan de kosten, en op dit stuit is noch mar sa'n 30 oant 40 persint fan it budzjet reservearre. "Ik heb nu drie miljard. Ik kan van alles willen, maar ik kan geen drie miljard uit een hoge hoed toveren."
Heijnen oer it oanmelden fan de Lelyline foar it TEN-T programma
Harkje nei ús berjochtjouwing oer de oanmelding fan de Lelyline foar TEN-T