Bert van den Brink foardroegen foar stichtingsbestjoer SC Cambuur

Bert van den Brink © Omrop Fryslân
Bert van den Brink sil moandei nei alle gedachten keazen wurde yn it stichtingsbestjoer fan SC Cambuur. De 'sûkeromke' fan de Ljouwerters is de iennige kandidaat foar in frijkommen plak.
De fêstgoedûndernimmer hat SC Cambuur foarige wike finansjeel stipe troch 2.500 sertifikaten te keapjen foar 2,5 miljoen euro. Dat jild brûkt de klup foar de ôfbou fan it nije stadion. Dêrneist hat Van den Brink in liening fan ien miljoen euro jûn oan Cambuur.
Alle sertifikaathâlders wurde yn it stichtingsbestjoer fan de Ljouwerter klup fertsjinwurdige troch twa minsken. No binne dat Gerrit Beeksma en Erik van der Waard. Mar dy lêste wurdt foardroegen by de ried fan kommissarissen. Dêrtroch komt der in plak frij yn it stichtingsbestjoer.
Ferline wike joech Van den Brink al oan dat plak mooglik ynnimme te wollen. "Dat zou de enige plek zijn die wij willen invullen. En misschien ikzelf wel", sei er doe. Dy wurden hat Van den Brink no wiermakke.

Formaliteit

Oare kandidaten binne der net, dus syn beneaming sil nei alle gedachten in formaliteit wêze. Moandei komme de sertifikaathâlders byinoar om oer de foardracht te stimmen.
It stichtingsbestjoer fan Cambuur bestiet neist Beeksma fierder út Lars Hornstra út namme fan de supporters, Harry van der Zee as ôffeardiging fan de sponsoren en Ronald Spoelstra fanút de gemeente Ljouwert. Spoelstra is ek foarsitter.