Omrop Fryslân op Oerol, wat kinne we de kommende tiid ferwachtsje?

© Bowie Verschuuren
Omrop Fryslân docht de kommende dagen wiidweidich ferslach fan it Oerolfestival. Fan freed ôf leverje ferslachjouwers Wendy Kenndy en Miranda Werkman goed in wike lang geregeld bydragen fan Skylge ôf.
Nei twa digitale edysjes kin no wer in echt Oerolfestival hâlden wurde. Fan 10 juny oant en mei 19 juny stiet Skylge bol fan keunst en foarstellingen op bysûndere lokaasjes. Omrop Fryslân docht ferslach op ynternet, radio en tv.
Op it momint fan de iepening op freed om 17.00 oere is ferslachjouwer Wendy Kennedy der live by yn Fryslân Hjoed. Sy freget direkteur Siart Smit ûnder oare nei de gefolgen fan corona op it festival en de feroaringen fan Oerol.
Op sneon yn it kultuerprogramma Op & Ut op Omrop Fryslân radio docht Wendy Kennedy ferslach fan it festival sels.
Oerol © ANP
Fierder sille ferslachjouwers Miranda Werkman en Wendy Kennedy fan moandei 13 juny oant en mei sneon 17 juny sjen litte wat der allegearre te rêden is op Oerol. Fan strjitteäter (net folle dit jier) oant foarstellingen en keunst yn de natuer.
Eltse dei is der om 18.00 oere in ferhaal te finen op omropfryslan.nl en wurdt der tusken de middei op de radio yn No yn Fryslân en yn Fryslân Hjoed ferslach fan dien.

Strânopera

Sa sjocht Miranda Werkman by de foarstelling Kaapdiegoeiekoop, in opera op it Griene Strân. Neffens de organisaasje moat it ien fan de hichtepunten fan it festival wurde. It giet oer de Westerske minsk dy't tinkt dat er de ierde mar plonderje kin sûnder dêrfoar straft te wurden.
Opmerklik detail: der wurdt songen yn in nije taal. In mingfoarm fan 'Neder-Koloniale' talen. Mei sang, dûns, perkusje, spoken word en de see dy't it lêste wurd hat. Kaapdiegoeiekoop wurdt spile troch Gouden Haas en Silbersee mei Slagwerk Den Haag en Consensus Vocalis.
Oerol © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Wendy Kennedy skoot oan by 'Diners om Oost'. In diner oan in 100 meter lange tafel yn de foarm fan 'in performance'. Om Oost is ien fan de nije festivallokaasjes, ek wol Oorden neamd. Dat binne sintrale moetingsplakken foar konserten, performances, storytelling en iten. Dat is nij dit jier. Hoe fynt it publyk dat?
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Oerol is it grutste lokaasjeteäterfestival fan Europa. Joop Mulder is de oprjochter fan it festival. Hy ferstoar yn 2021.