Steande ovaasje foar Huitema nei oannommen foarstel oer benzineauto's

Jan Huitema © Omrop Fryslân
De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea krige suver in steande ovaasje fan it Europeesk Parlemint doe't syn foarstel om fan 2035 ôf allinnich noch mar auto's ta te litten dy't gjin CO2 útstjitte, oannommen wie.
It wie in rûzige gearkomste woansdei yn it Europeesk Parlemint. Der waard praat oer de klimaatplannen fan de Europeeske Uny en dat gie net sa as tocht.

Spanning

Trije foarstellen wêrfan't tocht waard dat it hammerstikken wienen, sneuvelen. It foarstel fan Huitema wie kontroversjeel. De Fryske Europarlemintariër tocht dêrom dat syn foarstel ek wol ôfwiisd wurde soe. "Ik tocht: no is eltsenien yn alle steaten. It sil my wol net gund wurde, mar dat wie totaal net sa."
"Ik wist dat it spannend wurde soe", sei Huitema, "dus ik ha hast alle 705 Europarlemintariërs oansprutsen. Dat hat effekt hân. Der is in reedlike mearderheid ûntstien foar de foarstellen en sa binne dy dertroch kaam."

Dúdlikens foar de auto-yndustry

Huitema sil no mei in wurkgroep fan de Europeeske lannen ûnderhannelje om der sa foar te soargjen dat it ek echt wetjouwing wurdt. De parlemintariër is posityf en tinkt dat dy ûnderhannelingen hiel fluch klear wêze kinne.
Dochs is net eltsenien wiis mei it foarstel. De auto-yndustry stelt bygelyks dat it net helber is. "It is nijsgjirrich hoe't dat giet", laket Huitema. De foarsitter fan de auto-yndustry is BMW en BMW wie hjir poer op tsjin. Mar bygelyks in Mercedes, in Ford, in Folkswein, dy wienen hjir foarstanner fan."
"Foar harren betsjut it dat se dúdlikheid hawwe en dat se net mear hoege te ynvestearjen yn in benzine- of diselmotor. Mar dat se echt fol gean kinne foar in elektryske- of wetterstofauto", seit Huitema.

Mear laadpeallen nedich

Wat de laadynfrastruktuer oanbelanget, foarsjocht Huitema ek gjin problemen. "Der binne in protte minsken bliid dat dit foarstel it helle hat. No is dúdlik dat der echt wat dien wurde moat oan de laadynfrastruktuer. Foar Nederlân meitsje ik my der hielendal gjin soargen oer, oare lannen lykas Roemenië en Bulgarije krije der jild foar."
Netbehearders lûke oan de belle oer oerbelêsting fan it stroomnet. No't der mear elektryske auto's by komme sille, soarget dat dan net foar problemen? "Krekt de elektryske auto kin in oplossing biede", tinkt Huitema. "As minsken harren auto's oplade as der in pykbelesting is, kinne se hast fergees stroom krije. We sjogge no al dat minsken nei Dútslân ride foar de goedkeape benzinepriis. Dat sil mei elektryske auto's daliks ek sa wêze", ferwachtet de Makkingeaster.
Jan Huitema oer syn oannommen foarstel