Flyers-foarsitter Hoekstra oer ein fan BeNe League: "Se draaie de sport de nekke om"

De Flyers yn aksje yn it ôfrûne seizoen © Martin de Jong
De foarsitter fan iishockeyklub UNIS Flyers, Henk Hoekstra, fynt it ophâlden fan de BeNe League in minne saak foar de sport. Hy slút net út dat de Feansters harren yn de takomst oanslute by de Dútske kompetysje.
It Nederlânske iishockeybûn makke woansdei bekend dat de gearwurking mei it Belgyske bûn beëinige wurdt. Neffens it Nederlânske bûn steane 'de troch it Belgyske bûn keazen útgongspunten heaksk op de noarmen en wearden en de ambysjeplannen fan it Nederlânske bûn'.

Bestjoerlike ûnrêst

Flyers-foarsitter Hoekstra waard woansdeitejûn ynljochte oer it beslút. "Wy wienen wol op de hichte dat der saken geande wienen. Der hat nea bestjoerlike rêst west by de BeNe League. Dêr hawwe wy it ôfrûne jier ek lêst fan hân."
Hoekstra doelt op it konflikt tusken de organisaasje fan de BeNe League en de UNIS Flyers oer de Finske spiler Riku Pitkänen. It mieningsferskil hie te krijen mei de saneamde 'studinte-ymport'. Bûtenlânske hockeyers dy't yn Nederlân studearje, meie hjir foar iishockeyklups útkomme. De BeNe League seach Pitkänen lykwols net as in studint om't er mei in staazje syn stúdzje ôfrûne hie. De Flyers krigen lang om let gelyk yn dizze saak.
De foarsitter fan de Flyers hat it smoar deryn dat de kompetysje ûnder driget te gean troch bestjoerlike ynstabiliteit. "Dat draait op dit momint de sport de nekke om."

Dan mar nei Dútslân?

De BeNe League waard sân jier lyn oprjochte. De UNIS Flyers waarden twa kear kampioen. Wat it beslút krekt foar de iishockeyploegen, en dus ek foar UNIS Flyers betsjut, is noch net bekend.
"We sieten mei fjouwer Nederlânske teams yn de BeNe League. De 'spoeling is dun'. We hawwe ferlet fan in goeie kompetysje", stelt Hoekstra.
En as dat net yn Nederlân kin, dan mar yn Dútslân. "Wy slute neat út. We moatte neigean wat it belang fan de klup en it iishockey is. Emoasje mei nea regearje. Wy sille der alles oan dwaan om in situaasje te krijen wêryn't it iishockey de winner wurdt."
Foarsitter Henk Hoekstra fan de UNIS Flyers