Dokkumers bringe histoaryske hûsnammen werom yn it strjitbyld

De Drie Witte Leliën op it hûs © Hein Joustra
Fjouwer Dokkumers hawwe in aksje opset om âlde hûsnammen werom te bringen yn it strjitbyld fan de stêd. Earder waarden hûsnammen brûkt yn stee fan hûsnûmers.
Hûsnûmers binne nammentlik noch mar in resint fenomeen: yn Dokkum waarden dy pas om 1805 hinne ynfierd. Strjitnammen bestiene al wol, mar dy komme lang net altyd oerien mei de hjoeddeiske nammen. Pas mei it ynfieren fan it Kadaster yn 1832 waard dúdlik wa't de eigeners fan huzen yn Dokkum wiene en wêr't dy eksakt stiene.

Op de gevel skildere

Foar dy tiid hiene minsken faak oare wizen om in hûs werom te finen: mei in úthingboerd, gevelstien of mei in hûsnamme. Faak joech it oan wa't der wenne of watfoar nearing der yn siet. Sa'n namme waard meast op de gevel fan it hûs skildere.
Yn de rin fan de tiid ferdwûnen in soad fan dy hûsnammen yn Dokkum, mar fjouwer ynwenners besykje dy no werom te bringen. Der is histoarysk ûndersyk dien om de nammen lykas 'De Drie Rosenobelen', 'De Witte Swaan' en 'Het Witte Hert' werom te finen.
In âlde namme wurdt werombrocht © Marcus Bouma
It 'Huisnamenprojekt' is in inisjatyf fan Jan Buwalda fan Stichting Oud Dockum, fotograaf Hein Joustra, ûntwerper Onno Loonstra en Piet de Haan, dy't it histoarysk ûndersyk docht. De SOM (Stads Ontwikkelings Maatschappij) stipet it projekt.

'In De Gloeiende Oven'

It wie noch in hiele put om de goeie nammen by de goeie hûzen te sykjen, seit ûndersiker De Haan. "It begjint rûn 1580 en we binne opholden by 1750, oars waard it te folle." Troch de gearwurking mei de SOM kostet it de bewenners neat om de namme op harren hûs oanbringe te litten.
Neffens De Haan binne de nammen te ferdielen yn beropsnammen (bygelyks 'In De Gloeiende Oven' foar in bakker), Bibelske nammen ('Het Huis Babylonië'), bistenammen ('Het Vergulde Os') en wapens fan stêden ('Het Huis Harlingen'). "Der is in ferskaat, mar troch hiel Nederlân hinne binne dy nammen wol wat itselde. It aparte is: yn Dokkum binne se allegear ferdwûn, mar yn oare stêden sjogge je se allegear noch stean."

Net elts hûs is geskikt

It earste hûs dat wer in namme krigen hat is in pân fan de gemeente oan de Suupmarkt, it giet om 'De Drie Witte Leliën'. Der folgje earst noch 15 gebouwen.
Neffens De Haan is net elts hûs geskikt foar it werompleatsen fan de âlde namme. "In modern pân mei in namme fan 400 jier lyn past gewoan net. Dat moatte je net wolle." Ek nammen dy't beledigjend opfette wurde kinne, falle ôf. "We hawwe ek nammen as 'De Moriaan' dy moatte we mar net dwaan, want de iennige dy't dan bliid is, is de man fan de glêshannel."
Piet de Haan fan it projekt