Utstel besunigingen provinsje is gjin ôfstel: "It jild rint mear en mear by ús wei"

Deputearre Friso Douwstra © Omrop Fryslân
Dat in definityf beslút oer besunigingen fan de provinsje útsteld wurdt oant nei de ferkiezingen, betsjut neffens deputearre Friso Douwstra gjin ôfstel. "Je moatte dêr serieus mei omgean."
It beslút fan de fraksjefoarsitters fan koälysjepartijen CDA, FNP, PvdA en VVD betsjut dat de begrutting fan CDA-deputearre Friso Douwstra al oanpast wurdt foardat de politike diskusje hjiroer begûn. Neffens Douwstra giet it mar in om 'beskieden feroaring', want de besuniging is allinnich in jier útsteld.
"It is wol sa dat it jild mear en mear by ús weirint. Dêr moatte wy wol wat mei. Litte wy dat yn kommisje en debat behannelje. As je dingen oars wolle: hoe sjogge je dat dan? De fjouwer partijen moatte it ek útlizze", sa seit Douwstra.

Finansjele en politike opjefte

Dat it foarnimmen om struktureel 1,6 miljoen euro te besunigjen op kulturele ynstellingen gefoelich leit, begrypt er wol, want Douwstra hâldt sels ek net fan besunigingen. "Ik wol it bêste foar Fryslân, dêr wol ik it leafst ek net yn besunigje. Mar de kaders binne jûn, Deputearre Steaten betinke it net sels."
Deputearre Friso Douwstra
It ramt is likegoed finansjeel as polityk ynjûn, seit Douwstra. "Dat de kar net simpel en net leuk is, dat snap ik hiel goed. De soarch en it protest snap ik, dêr rin ik net foar wei."