Foarstel fan Makkingeaster Huitema tsjin benzine- en diselauto's oannaam troch Europarlemint

Jan Huitema yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburg © Omrop Fryslân
It foarstel fan de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema om mei yngong fan 2035 yn Europa allinnich noch auto's ta te litten dy't gjin CO2 útstjitte, is oannommen yn Straatsburg.
Yn it Europeesk Parlemint krige it foarstel fan Huitema 339 stimmen foar en 249 stimmen tsjin. It betsjut dat de ein fan auto's mei in fersmoargjende benzine- of diselmotor yn sicht komt en dat is in grutte feroaring, want op dit stuit is noch mar 5 persint fan de Europeeske persoane-auto's duorsum.
It rapport Huitema is ûnderdiel fan in pakket fan acht foarstellen dy't de CO2-útstjit yn Europa mei 55 persint nei ûnderen bringe moatte.

Yn ûnderhanneling

No't syn foarstel oannommen is, mei Huitema yn ûnderhanneling gean mei de Europeeske Kommisje en de lidsteaten oer de útfiering fan it beslút om auto's mei benzine- en diselmotoaren op termyn út te fazearjen.