Goedkeap tanke is dreech, mar it wurdt besocht: "Dat ha wy mar wer yn 'e bûse"

© Omrop Fryslân
No't de advysprizen foar benzine 2,50 euro en foar disel 2,20 euro binne, sykje minsken goedkeapere tankstasjons. Mar in goedkeap tankstasjon is hjoed-de-dei net maklik te finen.
"It skeelt dochs njoggen euro de tankbeurt", wurdt sein. "Dat ha wy mar wer yn de bûse." Guon brûke ferskate apps om te sjen hokker tankstasjon oft it goedkeapste yn de buert is.
De brânstoffen tikje rekôrprizen oan by de pomp
In treinreizger neamt de rekôrprizen posityf: "No is der mear kâns dat minsken foar alternativen kieze."

Alternativen lykas in elektryske fyts of scooter

Eigener Robbert Folkertsma fan scooterbedriuw Volt Wheel yn Dokkum sjocht de ferkeap fan elektryske scooters bot tanimmen. Se binne útferkocht. "It is sels sa slim dat wy al oardel moanne gjin scooters fan de leveransier krije kinne."