Soarchhelp Klaske Elzinga helpt sûnder soarchdiploma: "Ik haw myn ropping fûn"

Klaske Elzinga by ien fan har kliïnten © Omrop Fryslân
Yn neifolging fan de proef yn de gemeente Smellingerlân lit soarchorganisaasje KwadrantGroep no ek yn Weststelingwerf en Hearrenfean de soarch útfiere troch meiwurkers sûnder soarchdiploma.
Ein jannewaris begûn de soarchorganisaasje mei in proef yn Smellingerlân. Minsken dy't gjin offisjele soarchoplieding dien hawwe, nimme sûnt dy tiid minder drege taken oer fan soarchmeiwurkers. It giet dan bygelyks om it oandwaan fan steunhoazzen of it oanklaaien.
© Omrop Fryslân
Dat is de oplossing foar de hege wurkdruk, seit regiomanager Minke van der Veen: "We kinne fernimme dat it better wurdt. De oare soarchmeiwurkers hawwe no mear tiid foar de mear spesjalisearre taken."
De helpen gean net samar op 'en paad. Se krije earst in kursus en se kinne altyd in berop dwaan op kollega's. Van der Veen: "Boppedat hawwe de measten wol ûnderfining, faak as mantelsoarger."
Myn skoanheit hat in skoft siik west en dêr haw ik holpen.
Soarchhelp Klaske Elzinga
Dat jildt bygelyks foar Klaske Elzinga. "Ik haw in soad meimakke. Myn skoanheit hat in skoft siik west en dêr haw ik holpen. De soarch sit my yn it bloed."
Elzinga hat gjin soarchoplieding dien. Se wie earder skjinmakker en se hat wurke yn winkels.
Se sjocht it wurk yn de soarch as har ropping: "Ik fyn dit echt fantastyk om te dwaan. Alle dagen wer oare kliïnten. Net ien is gelyk en dat fyn ik sa moai."
Soarchhelp
Fanwege de goede ûnderfinings yn Smellingerlân is de proef no útwreide nei de gemeenten Weststellingwerf en Hearrenfean. Van der Veen: "Dêr binne we yn juny mei begûn. De klanten binne tefreden, want se krije entûsjaste meiwurkers oer de flier. En de ferpleechkundigen krije sa tiid om oare soarch te leverjen."

In stap fierder

Klaske Elzinga is der wis fan: "Dit is wat ik dwaan wol. Ik doch dit sûnt jannewaris en wol no graach in stap fierder. Dat ik krekt wer wat mear mei."
Dat wurdt stimulearre troch de soarchorganisaasje, seit Van der Veen: "Dêr sjogge we seker nei. We fernimme dat der mear binne dy't troch wolle. Dy mooglikheid krije se hjir ek. Se kinne by ús in wurkleartrajekt folgje. Sa kinne we se ek behâlde foar de soarch."