Te min leararen middelbere skoallen en tekoart sil allinnich mar tanimme

Middelbere skoalle © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn Fryslân is in tekoart fan 66 dosinten yn it fuortset ûnderwiis. Dat docht bliken út sifers fan Centerdata. De ferwachting is dat it dreech wurdt om alle plakken yn te foljen.
It tekoart oan dosinten op middelbere skoallen spilet lanlik en Fryslân hat der dus ek lêst fan. Net dat der mear fakatueres binne, it leit mear oan in ôfnimmende ynstream fan nije dosinten.
Der binne te min dosinten op Fryske middelbere skoallen
Neffens Willem Eikelenboom fan NHL Stenden giet it min mei de oanmeldingen foar de learare-oplieding. "In de afgelopen tien jaar zien we een geleidelijke teruggang in het aantal aanmeldingen voor de lerarenopleiding."
Middelbere skoalle © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn 2014 wienen by NHL Stenden 500 oanmeldingen foar de foltiidoplieding, no binne dat der 250. Studinten kinne har noch oant 1 oktober ynskriuwe, mar dat der sprake is fan in delgong, is wol dúdlik.
Oant it jier 2024 ta sil dêrom it tekoart oan dosinten yn Fryslân tanimme.

Hichtepunt yn 2024

Foar dit jier wurdt in tekoart fan 66 fte's yn Fryslân ferwachte. Dêrby stiet 1 fte foar 1 folsleine baan. Ferline jier wiene dat noch 58 fte's.
It hichtepunt fan it tekoart wurdt ferwachte yn 2024. Dan sille middelbere skoallen 73 fte's net ynfolje kinne.
It tekoart fan Fryslân leit noch wol ûnder it lanlik trochsneedsifer.
Middelbere skoalle © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Joost Visser fan skoallekoepel Fricolo jout oan dat yn en nei de coronatiid al aardich wat ekstra dosinten oannaam binne om achterstannen fuortwurkje te kinnen.

Krimpregio's


Tagelyk kinne ek net alle skoallen samar in protte dosinten fêst oannimme, want der sille yn de takomst yn guon streken minder bern wêze en dus minder learlingen nei skoalle gean. Foaral yn de gebieten bûten de stêden - de krimpregio's - moatte skoallen antisipearje op in takomst dêr't minder dosinten nedich binne.
Willem Eikelenboom
Mar op it stuit is it krekt lêstich om genôch leararen krije te kinnen. Foaral fakken as Nederlânsk, Dútsk en wiskunde binne dreech yn te foljen.
Visser tinkt dat in diel fan de oplossing lizze kin yn gearwurking tusken opliedingsorganisaasjes lykas NHL Stenden, de Ryksuniversiteit Grins en de middelbere skoallen.

Talintscouting

Eikelenboom fertelt dat se dêr al drok mei dwaande binne. "We zijn bezig met talentscouting. Meerdere middelbare scholen in Noord-Nederland selecteren zelf talenten. Wij bieden ze een bijbaan aan in het onderwijs. Daarnaast willen we ze ook leuke taken aanbieden, zodat ze een positief beeld krijgen van het docentenvak."
Neffens bestjoerder Joost Visser fan de ûnderwiiskoepel Fricolore is dat in briljant idee. "Een van de sterke dingen van het onderwijs is dat we de leraren van de toekomst al in huis hebben."