HEA! De bruorren Douwes fine de leafde

HEA! De bruorren Douwes op leafdespaad
Leafdesgelok op de pleats yn Brantgum. Rindert hat mei syn Rina in hûske kocht en se sille tegearre wenje. Mar ek Foppe hat no in faam: âld-klasgenoat Fenna út Burgum is de gelokkige!
Fenna en Foppe ha no in pear moanne ferkearing. Se sjogge elkoar alle wiken in kear, mar se belje wol deistich. Neffens Rindert hat it wurk fan Foppe der wol ûnder te lijen, hy hat de kop net by it meanen. Mem Gjaltsje fynt it allegearre wol bêst. Beide froulju tagelyk yn 'e hûs is har lykwols wol wat te drok oan 'e holle.