Kontrakt Fryske oerheden mei Gazprom hâldt op: it wurdt mooglik kâld op it Provinsjehûs

In Gazprom-kantoar © ANP Foto
As ûnderdiel fan de sanksjes tsjin Ruslân komt op 10 oktober in ein oan it gaskontrakt fan Fryske oerheden mei Gazprom Energy. Mar, de Fryske oerheden - feriene yn koöperaasje OVEF - hawwe hielendal noch gjin alternatyf foar de Russyske leveransier.
Sietske Poepjes begjint har dêr soargen oer te meitsjen. Se mist boppedat dúdlike advizen fan minister Rob Jetten en it ministearje fan Ekonomyske Saken oer mooglike alternativen.

Stipe fan it Ryk

"Ik sit hjir wol wat oer yn. Ik wol sawiesa gjin kontrakt dêr't Poetin lâns in omwei wer foardiel fan hat." Omdat de provinsje net ynrjochte is op geopolitike kwestjes soe Poepjes graach sjen dat it ministearje fan Ekonomyske Saken de lieding nimt yn dizze gefoelige kwestje.
De Fryske kontrakten mei Gazprom komme ta in ein
"In bytsje stipe fan it Ryk soe fijn wêze yn dizze kwestje, mar oant no ta binne se hiel stil."

Waarme trui

As der gjin oplossing is foar 11 oktober sille amtners by de provinsje, de measte Fryske gemeenten, mar ek meiwurkers fan Omrop Fryslân, it Fries Museum en Tresoar, in waarme trui oandwaan moatte op it wurk. Ek guon sporthallen en swimbaden kinne dan net ferwaarme wurde.
Deputearre Sietske Poepjes hopet lykwols dat der, foardat it safier is, in alternative leveransier fûn wurdt, mar sjocht dy op dit stuit noch net.
Deputearre Sietske Poepjes oer it opsizzen fan it kontrakt mei Gazprom Energy