Omrop Fryslân siket doarpen foar Simmer yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Noch mar seis wike en dan stiet de simmerfakânsje alwer foar de doar, dit betsjut ek wer Simmer yn Fryslân by Omrop Fryslân. Ek dizze simmer sil Omrop Fryslân wer op roadtrip nei al it moais yn Fryslân. Ek yn dyn doarp kinne wy efkes del komme om, om it hoekje te sjen en de sfear op te snuven.
Ferline jier gie Omrop Fryslân yn de simmer by ferskate doarpen en stêden del om te sjen hoe't it dêr is, wa't der wenje, wat der spilet en libbet.
Dit jier makket Omrop Fryslân wer in reis troch Fryslân en giet seis wiken lang, fan 18 july oant en mei 26 augustus, del by ferskate doarpen en stêden. Alle dagen is Omrop Fryslân hjirmei live op radio en social media, út in doarp of plak wei.

Jou dyn doarp op!

Omrop Fryslân siket foar dit jier 30 doarpen dêr't wy delkomme kinne. Is dyn doarp no it moaiste plakje fan Fryslân en wolsto graach sjen litte wat der allegear te belibjen falt en wat der no sa bysûnder oan dyn doarp is? Stean der dizze simmer moaie eveneminten op de planning?
Jou dyn doarp dan gau op en wa wit komme wy fan it simmer wol by jimme del!
Opjaan kin fia dit formulier. Folje it formulier sa folslein mooglik yn en stjoer it op. Wa wit, oant sjen!