Grut ûndersyk nei it favorite iten fan skriezepiken: ynsekten

In nije plakfal wurdt klear makke troch Michella Ligtelijn fan de Rijksuniversiteit Groningen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Undersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen hawwe it dizze maitiid ekstra drok mei ûndersyk nei it favorite iten fan skriezepiken: ynsekten. Ferline maitiid barde dat yn 6 fjilden, no binne it der 24 yn Súdwest-Fryslân.
Mar net yn elk fjild wurdt like yntinsyf sjoen. Op tolve fjilden stean allinnich saneamde plakfallen. Dat binne giele stroken fan de grûn ôf omheech om net allinnich út te finen hokker ynsekten der binne, mar ek hoe heech dy sitte. In skriezepyk moat der nammentlik wol by kinne.
Grutskalich ûndersyk nei ynsekten yn Súdwest-Fryslân
Mooglik kinne saneamde ynsektekamera's dat wurk yn de takomst oernimme. Dy wurde no yn de praktyk test. Der is ek noch in fal dy't liket op in soarte fan lytse tinte, de saneamde malêzefal, dy't benammen fleanende ynsekten fangt.
Uteinlik moat dúdlik wurde op hokker soarten lân de measte ynsekten foarkomme, mar ek oft it der genôch binne en oft sy wol op it goede momint beskikber komme.

"Bijna niets"

"Het gaat soms om duizenden insecten per week, per keer. Dat klinkt alsof het heel veel is, maar het is bijna niets vergeleken met wat er eigenlijk voorkomt. Soms vangen we ook bijna niets. Dat hangt ook heel erg af van het weer", seit ûndersykster Michella Ligtelijn fan de Rijksuniversiteit Groningen.
De ynsekten wurde der letterlik útfiltere © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ligtelijn kuieret mei in hiel soad guod in greide yn by Koudum. Al gau begjint it te drippen en dy drippen wurde in swiere bui. Se kontrolearret gau de potfallen dy't yn de grûn sitte om ynsekten op dat nivo te fangen. De measten stean hjir fol wetter, mar op oare plakken yn it ûndersyksgebiet kin ien soarte fan fal net ynset wurde omdat troch de drûchte de grûn noch hieltiten te hurd is.
"Het is als beton", seit Ligtelijn dêroer. It fjildwurk hat sa syn 'hobbels', mar sy is tefreden. "Vandaag hebben we slecht weer, maar over het algemeen gaat het heel erg goed." Har ûndersyk makket diel út fan in langrinnend ûndersyk nei de skriezen yn Súdwest-Fryslân en it lânskip dêr't dizze fûgels yn ferbliuwe.

"Heel veel slakken"

It ferskil tusken wiet en drûch waar is ek te sjen oan hokfoar ynsekten je fange kinne. Ligtelijn: "Als het heel erg droog is, zie je wel vaak iets meer spinnetjes en vliegende insecten. Nu is het heel erg nat en zien we dat een stuk minder, maar komen de springstaarten weer wat meer omhoog. En heel veel slakken uiteraard."