HEA! Weromsjen op de Fytsalvestêdetocht

HEA! Weromsjen op de Fytsalvestêdetocht
Nei in swiere, wiete en kâlde Fytsalvestêdetocht binne der Pinkstermoandei dochs in lytse 10.000 fytsers binnenkaam yn Boalsert. Dat hat mei te krijen troch de stipe fan it publyk.
De edysje fan 2022 kin de boeken yn as ien fan de swierste Fytsalvestêdetochten. Mar dochs wie de stimming goed en it publyk en de muzyk yn alle plakken ûnderweis hat in soad fytsers nei de einstreek sleept.