Jan Huitema ferdigenet plan om yn 2035 op te hâlden mei ferkeap benzine- en diselauto's

Europarlemintariër Jan Huitema © Omrop Fryslân
Gjin benzine- en diselauto's mear op de dyk, dat is it úteinlike doel fan Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea. Neffens syn plan wurde mei yngong fan 2035 yn Europa allinnich noch auto's talitten dy't gjin CO2 útstjitte.
It foarstel ferdigenet Huitema tiisdei yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburg. Wurdt it foarstel oannaam, dan betsjut dat dat de ein fan auto's mei in fersmoargjende benzine- of diselmotor yn sicht komt. It soe grutte feroaring wêze, want op dit stuit is noch mar 5 persint fan 'e Europeeske persoane-auto's duorsum.
In grut diel fan de CO2-útstjit yn Europa komt fan net-duorsume auto's, seit Huitema. "Tweintich prosint fan de CO2-útstjit komt gewoan fan 'wegtransport'."
It rapport Huitema is ûnderdiel fan in pakket fan acht foarstellen dy't de CO2-útstjit yn Europa mei 55 persint nei ûnderen bringe moatte. Huitema wol mei syn rapport de oergong nei skjinner autoriden befoarderje. Yn maaie stimde in lytse mearderheid al foar it plan, woansdei wurdt der nochris stimd oer it foarstel om yn 2035 gjin nije benzine- en diselauto's mear ta te litten.

Yn plak fan benzine wetterstof tanke

It sil net allinnich in grutte feroaring wêze foar de auto-yndustry. Ek pomphâlders en garaazjes sille neffens Huitema mei de tiid mei moatte. "We sjogge no fan de skjinnere elektryske auto's al folle minder ûnderhâldskosten."
Dy ha bygelyks in soad wynmûnen of sinnepanielen en dy leverje stroom of wetterstof.
Jan Huitema oer hoe't bedriuwen harren oanpasse en tariede op skjinner autoriden
Jan Huitema ferdigenet plan om yn 2035 op te hâlden mei ferkeap benzine- en diselauto's
"Ik ha wol delwest by in garaazje en in tankstasjon, dy sette no hieltyd mear yn op oare dingen", leit de parlemintariër út. "Dy ha bygelyks in soad wynmûnen of sinnepanielen en dy leverje stroom of wetterstof."

Grutte impact

De plannen dêr't no oer praat wurde, sille neffens Huitema in hiel grutte impact ha op it libben en de maatskappij, mar de plannen binne ek nedich. "Wy wolle ôf fan de fossile brânstof en we ha krekt ek besletten dat we fan de Russyske oalje en gas ôf wolle, dat giet allinnich mar troch."
Neffens him is de basis foar skjin autoriden al lein, en moat der no foarútsjoen wurde nei de takomst. "It is op it stuit al foardieliger om elektrysk te riden, allinnich de oanskafpriis is noch reedlik heech. Mei dit foarstel soargje wy dat mear ynnovaasje nei it elektrysk autoriden ta giet, en dat de priis dêrmei omleech giet."
Mei it foarstel hopet Huitema ek foarútgong op oare punten yn gong te setten. "As we no net dúdlik binne dat it de kant út giet fan elektrysk ride en wetterstof, wêr is dan de druk en urginsje om ek te ynvestearjen yn laadpeallen en wetterstofpunten?"
Huitema is optimistysk oer stipe foar it foarstel woansdei. "Ik ha der goede hoop op dat dit slagget."
Jan Huitema oer syn foarstel foar skjinne autos
Pomphâlder Simen Veenstra fan Bûtenpost is noch net oan laadpeallen ta