Moeting tusken eigener en hierders De Hanestede bringt oplossing konflikt net tichterby

Koart petear tusken eigener De Hanestede en in groep krityske hierders by de yngong fan it kompleks © Omrop Fryslân
In net plande moeting tusken in groep krityske hierders fan seizoensplakken en de nije eigener fan camping De Hanestede yn Noardwâlde brocht beide partijen net tichter byinoar op pinkstermoandei.
It bleau by in koarte útwikseling fan bekende stânpunten sûnder in nije ôfspraak. De hierders woene fan eigener Van der Velden wite hoe't it kin dat krekt de steancaravans fan twa krityske hierders koartlyn slim fernield binne.
"Voor stacaravans die na 1 april zijn blijven staan, zijn wij niet verantwoordelijk", sei James van der Velden út Amsterdam. Hy wiisde der ek op dat it resepsjegebou anty-kraak bewenne wurdt, wêrtroch't der wol in foarm fan tafersjoch is.
Fernielingen camping
In fruchtbere dialooch wie eins ek net te ferwachtsjen, want in groep fan sân krityske hierders hat de nije eigeners foar de rjochter dage. Sy neame harsels 'Strijders Hanestede' en easkje kompensaasje fan de skea dy't se hân hawwe troch de fernielingen en troch de wize fan optreden fan de nije eigeners.
"Ik soe it leafst gewoan mei de nije eigeners om tafel gean, om der sa út te kommen", seit Pier Vanderplaats fan Warkum. "Mar as der hielendal gjin reaksje komt, dan is de gong nei de rjochter it iennichste dat oerbliuwt."

Unferkeapber

Vanderplaats hat skea. Syn steancaravan is sa bot fernield, dat dy neffens him ûnferkeapber wurden is. De nije eigener hat neffens Vanderplaats 'soarchplicht' foar wat op syn terrein stiet, en heart dy skea sadwaande te kompensearjen.
Het is een verschrikking. Al die plekken die nu leeg zijn, waar je nog restanten ziet van stacaravans.
SP-steatelid Hanneke Goede krige in rûnlieding oer de camping
De krityske hierders joegen SP-steatelid Hanneke Goede in rûnlieding oer de camping. It waard in bysûndere kuier. Ferline jier stie de camping noch fol op pinkstermoandei. No is De Hanestede in fertutearze boel, mei allinnich hjir en dêr noch in steancaravan.
Krekt fan twa aksjefierders is de steancaravan fernield. De 'Strijders' fine dat wol hiel tafallich, mar hawwe fierder gjin oanwizingen oer wa't hjir krekt achter sit. Goede waard kjel fan wat se seach. "Het is een verschrikking. Al die plekken die nu leeg zijn, waar je nog restanten ziet van stacaravans. En dan die stacaravans die compleet gesloopt zijn. Wie haalt dat in z'n hoofd!"
De ferbliuwsrekreant yn de steancaravan begjint sa njonkenlytsen op in bedrige bistesoart te lykjen, want rûnom yn Fryslân binne de lêste jierren steanplakken ferdwûn, ta grutte argewaasje fan frou Goede.
De krityske hierders by ien fan de fernielde steancaravans yn Noardwâlde © Omrop Fryslân
"Die mensen die dit hebben gekocht zijn echt roofinvesteerders. Ze ruiken geld, hebben een plan en willen de mensen weg hebben. Maar het werkt blijkbaar niet, want het enige wat ik hier zie is kaalslag en verdrietige mensen." Goede wol dêrom de situaasje fan de steancaravanrekreant noch foar it simmerreses besprekke yn Provinsjale Steaten. "Het lijkt mij een zaak van provinciaal belang, dat Fryslân ook gastvrij is voor toeristen met een smalle beurs."
Goede fynt dat de provinsje der om te begjinnen foar soargje moat dat der net noch mear fêste plakken foar steancaravans ferdwine. "Mensen met geld kiezen vaak voor een vakantie in het buitenland, die hebben daar de mogelijkheden voor. Voor mensen met een smalle beurs op een flatje betekent een stacaravan dat ze toch nog op vakantie kunnen. De mogelijkheid moet je ze vooral niet afpakken."
Goede wol dat deputearre fan toerisme Avine Fokkens hjiroer yn petear giet mei alle gemeenten en komt dêrta mei in moasje by de omjouwingsferoardering. Ek tinkt de SP nei oer in eigen inisjatyffoarstel om seizoensplakken foar steancaravans te beskermjen.
SP-steatelid Hanneke Goede oer de situaasje op De Hanestede