Beppesizzer fan in heks: Nienke makke in fertelling oer Rikele Myt

'Rikele Myt', oftewol Maria Nicola Bekkema-van der Heide (1824-1918) © Nienke Zoetbrood
Nienke Zoetbrood hie gjin idee dat sy ôfstamme fan in heks, mar ûntduts dat ien fan har foarâlden 'Rikele Myt' wie. Sy makke in podcast oer har ferneamde foarmem fan de Feansterheide.
Min of mear tafallich hearde Zoetbrood dat de mem fan har betoerbeppe as in geheimsinnige tsjoenster bekend stie: 'Rikele Myt.' Dy wenne yn it gebiet dat no Boelensloane hjit, mar dat doe noch de Feansterheide wie, dêr't earme lju yn spitketen wennen.
De 30-jierrige Zoetbrood wist net fan it bestean fan Rikele Myt. "De familie van mijn opa aan moeders kant is al lang geleden uit Friesland verhuisd", fertelt sy.
Nienke Zoetbrood © Nienke Zoetbrood
Oer Myt binne lykwols tal fan folksferhalen bekend: sy wie in tsjoenster, in soarte heks. Myt soe faak ynskeakele wêze by sike bern. As ien yn 'e ban fan de duvel wie, koe sy de persoan better meitsje en de duvel fêstsette op in lapke mei bloedplakken troch in spjdlde.

Tal fan folksferhalen

Der bestean de gekste ferhalen oer har, mei spûken, kabouters en reuzen. It ferhaal gie sels dat sy mar ien each hie. Guon wiene benaud foar har.
"Het lijkt me heftig dat iedereen denkt dat je een heks bent", seit Zoetbrood. Mar se waard ek nijsgjirrich. Sy die in oprop op Facebook, yn de hoop minsken te finen dy't har mear fertelle koene. En om út te sykjen oft der in kearn fan wierheid wie.
Zoetbrood, sjoernalist en podcastmakker, makke in dokumintêre oer de syktocht. 'Het spoor terug, hekserij op het platteland' wie snein te hearren by de VPRO.
Byld by de dokumintêre 'Het spoor terug, hekserij op het platteland' © Nienke Zoetbrood | VPRO | OVT
Zoetbrood brocht in besite oan De Spitkeet yn De Harkema en spruts mei histoarisy oer byleauwen. Fia famylje ûntduts Zoetbrood noch in foto fan Rikele Myt. Sy moete ek Jan van der Heide, dy't fertelde dat syn beppe Myt altyd ferdigene. Sy wie net ferkeard, allinne mar oars, sei sy. Myt soe mear goede dingen dien hawwe as in soad oare lju.

Myt hiet eins Maria

De echte namme fan 'Rikele Myt' wie Maria Nicola van der Heide (1824-1918). Sy waard berne yn de omkriten fan Surhústerfean as arbeidersdochter. Har ropnamme wie 'Mietje.' Sy troude yn 1860 mei arbeider Riekele Harmens Bekkema (1822-1879), sa waard it yn 'e folksmûle 'Rikele Myt.'
Foar it houlik hie sy al in deaberne famke en trije bûtenechtlike soannen op de wrâld set, dêrnei folgen nochris trije dochters. Rikele ferstoar al op 57-jierrige leeftiid. Myt bleau noch oant yn hege leeftiid trochwurkjen as arbeidster.
Ynterieur fan in krotwente op it Wyldfjild yn de Feansterheide yn 1915 © E. Breitschat
Sy wenne op de Benedenheide. Sy ferstoar op 94-jierrige leeftiid yn de húshâlding fan har dochter Jantje yn Drachtsterkompenije, nei in skoftke yn de Grinzer Pein.
Wat me heel erg verbaasde is hoe dichtbij het is. Niks niet zestiende, zeventiende eeuw, deze vrouw leefde in de twintigste eeuw.
Nienke Zoetbrood
"Wat me heel erg verbaasde is hoe dichtbij het is", seit Zoetbrood. "Niks niet zestiende, zeventiende eeuw, deze vrouw leefde in de twintigste eeuw."
Yn de skiednis spylje froulju faak in minder grutte rol as manlju, mar yn dit gefal is dat oars. "Ze zette haar omgeving naar haar hand." Miskien wie Myt wol te selsstannich om yn har tiid akseptearre te wurden, tinkt Zoetbrood.

Byleauwigens yn de Wâlden

Myt wie stokâld, libbe sûnder man en seach wat skeel. Dan komme de ferhalen al rap. Yn de 19e iuw wie der noch in soad ûntfanklikens foar tsjoenders, duvelbanners en wûnderdokters.
In spitkeet by in sânpaad yn Houtigehage yn 1923 © RCE | Klaas Uilkema
Dat murk Zoetbrood ek doe't sy op 'en paad wie yn de Wâlden. "De een na de ander wist nog te vertellen dat zijn opa of oma nog zulke verhalen kende. Het liet me inzien dat het hele bovennatuurlijke daar zo was verankerd, men ervaarde de omgeving zo."
Zoetbrood sjocht no mei grutskens nei har âldmem, dêr't in soad oer praat waard. "Ga er maar aan staan. Maar ze ging er heel bijzonder mee om: volgens mij gebruikte ze de verhalen voor haar eigen gewin."