Tûzenen minsken yn Ljouwert by demonstraasje tsjin kabinet

© Kappers Media
Yn Ljouwert binne tûzenen minsken byinoar kaam foar in demonstraasje tsjin it belied fan it kabinet. Demonstranten rûnen mei spandoeken troch de stêd.
Neffens skattingen wiene der sa'n 2000 oant 3000 minsken dy't meidiene oan de demonstraasje. De gemeente Ljouwert warskôge dat it fanwege de demonstraasje tige drok wie yn en om it sintrum fan de stêd.
De demonstraasje is in inisjatyf fan Samen voor Nederland, mar oare partijen, lykas boeren, ha har der ek by oansletten. Neffens in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert wie de demonstraasje freedsum.
Dielnimmers rûnen troch de stêd mei spandoeken, dêr't ûnder oare teksten op stiene as 'De boer onteigenen??? Zonder eten naar bed' en 'Mijn lichaam Mijn keuze'.
Der wiene ek truckers dy't meidwaan woene oan de demonstraasje. Dy waarden earst tsjinholden troch de plysje, mar doe't de sfear minder gemoedlik waard, ha de plysjes besletten de truckers troch te litten rjochting it Saailân.
"Om opstopping en yrritaasje foar te kommen", sei ferslachjouwer Dieuwke Kroese. Se seach dat der minsken wiene dy't tsjin it plysjebuske oantreaunen. In wurdfierder fan de plysje woe dêr sneintemiddei net op reagearje.
Ferslachjouwer Dieuwke Kroese is yn Ljouwert
Der binne minsken út it hiele lân wei nei Ljouwert kaam.
Ien frou seit dat se demonstrearret om har frijheid wer werom te krijen. "Alles wordt kapotgemaakt. De regering werkt alleen maar voor de grote bedrijven."
Ferskate demonstranten lizze út wat de reden is wêrom't sy yn Ljouwert binne
In man hat in spandoek by him. 'Wordt wakker', stiet derop. En 'vrijheid is geen vanzelfsprekendheid'. "Als we slapen, kan het zomaar zijn dat we onze vrijheid kwijt raken."

Ljouwert

De organisaasje Samen voor Nederland hâldt alle moannen in protest tsjin it kabinet, ergens yn Nederlân. Ditkear is keazen foar Ljouwert, omdat Samen in Nederland de boeren stypje wol. Dy ha it dreech, omdat der drige wurdt mei ûnteigening, seit de organisaasje.
"Iedereen heeft zijn eigen reden om hier te zijn", seit Astrid 'noem mijn achternaam maar niet' fan de organisaasje.
"Sommigen zijn tegen het hele kabinet, anderen tegen de coronamaatregelen, ook al zijn ze er nu niet. In oktober komen ze weer terug, en hopelijk zeggen we dan allemaal nee. Het is klaar. Het is genoeg geweest."

Stickers

De drokte is yntusken wer foarby, meldt in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert. "De meeste mensen zijn naar huis."
"We zijn hier nu een aantal stickers rijker. Men heeft driftig geplakt wat men van de overheid vindt. Maar er zijn geen rare dingen gebeurd. Geen ruzies. Het ging prima."