It Pinksterfeest yn Feankleaster pakt út mei 50-jierrich bestean

© Michel Walbeek
Tal fan minsken fiere yn Feankleaster it 50-jierrich bestean fan it Pinksterfeest. De kristlike fiering fan Stichting Zendingsfeesten Veenklooster is yntusken in begryp.
Mei it Pinksterfeest wol de organisaasje it boadskip fan God ssyn leafde trochjaan oan de wrâld. Mei dy gedachte komme alle jierren hûnderten minsken byinoar yn de bosk fan Feankleaster. It tema is dit jier 'Gods woord drijft ons voort.'
"Wy hawwe in sirkustinte en in lyts muzyktintsje dêr't moandei it Leger des Heils spylje sil", fertelt foarsitter Lieuwe Bijleveld. "It is echt in feest foar de regio en elkenien is wolkom, nimmen wurdt útsletten."

In begryp

It Pinksterfeest is al sûnt 1973 in begryp, doe't it troch Pieter van der Zwaag fan Kollumersweach foar de earste kear opset waard as sindingstsjinst.
Mei Pinkster betinkt de kristlike tsjerke dat de Hillige Geast oer de apostels delkaam. Nei de himelfeart fan Jezus iepenbiere de Hillige Geast him op ierde, eksakt op de fyftichste dei nei Peaske. It pinksterfeest hat in Joadske oarsprong.
Nei twa jier gjin feest fanwegen corona en mei it spesjale jubileum is de opset fan it evenemint oars as oars. Der binne meardere tinten mei aktiviteiten foar folwoeksenen en bern, der is in muzykpoadium en sels in iepenloftbioskoop. Sneintejûn sjongt it koar Joy for People, dat lykas it Pinksterfeest 50 jier bestiet.
Sjoch hjir nei de opbou fan it 'festivalterrein':