Hast gjin strjitteäter op Oerol: noch in lêste pûst fan de coronatiid

Teäter mei Oerol yn 2019 © ANP
Op it festival Oerol op Skylge sil dit jier hast gjin strjitteäter te sjen wêze. By guon smyt it fernuvering op, mar neffens direkteur Siart Smit hat it noch alles mei de coronakrisis te krijen.
"Toen wij de plannen maakten en overlegden over de vergunning was de gemeente vrij duidelijk dat er geen dingen in de straat mochten die de doorstroom zouden belemmeren. Dus daar hebben we onze plannen op aangepast", sa fertelt Smit.
"We hebben wel gekeken wat nog wel kon, maar het is wel anders dan eerder", sa jout hy oan.
It wie neffens de direkteur net helber om it teäter letter noch ta te heakjen, doe't dúdlik waard dat der wol mear koe. "We maken een hele planning en begroting. De projecten die we nu doen zijn ook niet goedkoop. Dus we kunnen het later niet meer aanpassen."
Direkteur Siart Smit fan Oerol
Wat Smit oanbelanget komt it strjitteäter takom jier wol yn gruttere omfang werom, al tinkt it festival wol nei oer de opset. "We willen het best, een vrij toegankelijk programma is en blijft een onderdeel van Oerol. Natuurlijk zijn onze inkomsten altijd een punt van zorg, dat moeten we rond krijgen. Maar Oerol is drie elementen: tickets, festivalbandje en een vrij toegankelijk programma."