FryslânDOK: Lelyline noch lang net lein

Wurdt de Lelyline de katapult dy't Noard-Nederlân de dreamde takomst yn sjit? De FryslânDOK 'Spoarsykje' stelt fragen oer de helberens en de winsklikens fan de rappe spoarline. Te sjen op 4 en 5 juny by NPO2 en Omrop Fryslân.
Nei in swiere lobby fan Noard-Nederlânske politisy is it nije kabinet om: der wurdt 3 miljard euro reservearre foar de Lelyline, in spoarline tusken it Noarden en de Rânestêd.
It kabinet wol boppedat Europa derta bewege de Lelyline ûnderdiel wurde te litten fan it kearn-spoarlinenetwurk TEN-T. Mei jild út Brussel en de regio soe de nije line betelle wurde kinne, dy't miskien wol 9 miljard kostje sil.
In andreaskrús © Omrop Fryslân
De Lelyline moat Amsterdam via Almere, Lelystêd, Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten ferbine mei Grins en leafst ek noch mei Bremen, Hamburch en Skandinavië. It soe in grutte ekonomyske ympuls betsjutte.
Programmamakker Onno Falkena oer de FryslânDOK
Yn it 'Deltaplan voor het noorden' biedt de noardelijke regio it Ryk oan in grut part fan de lanlike wenningkrapte op te lossen mei de bou fan 220.000 ekstra huzen, yn ruil foar de Lelyline.
Bart Kingma en Wouter Veldhuis © Omrop Fryslân
FryslânDOK frege saakkundigen om de plannen tsjin it ljocht te hâlden. Likegoed planologen fan Rijksuniversiteit Groningen as it Kolleezje fan Ryksadviseurs hawwe har twivels oer de útgongspunten en realiteitssin fan de spoarlinewinsk. Boppedat komt de Lelyline net foar yn Dútske en Europeeske plannen.
Steatssiktaris Enak Ferlemann foar de kamera fan FryslânDOK op it stasjon fan Oldenburg © Omrop Fryslân
Dat hiene de noardlike politisy foar de earste útstjoering fan 'Spoarsykje' (july 2021) noch net ûndersocht. Programmamakkers Onno Falkena en Bart Kingma diene dat wól.
FryslânDOK 'Spoarsykje' (earder útstjoerd yn july 2021)
Sneon 4 juny NPO2 15.30 oere (werhelling 5 juny 13.25 oere)
Snein 5 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.