Johan de Jong-beam útrikt oan twa fedetten yn de natueredukaasje

Kirsten van Lievenoogen (86) en Mies de Roode (90) © Omrop Fryslân
De twadde Johan de Jong-beam, de Fryske natuerpriis fan Omrop Fryslân, is útrikt oan Mies de Roode (90) en Kirsten van Lievenoogen (86). Sy binne al desennia frijwilligers yn de natueredukaasje.
Mies de Roode-Brouwer fan Aldskoat en Kirsten van Lievenoogen-Smits fan It Hearrenfean binne tige optein mei de priis. "Ik ben helemaal verrast. Ik had hier helemaal geen idee van", seit Van Lievenoogen.
Der wie in ferlechje betocht om de froulju byinoar te krijen: der moasten foto's makke wurde foar in artikel yn in natuerblêd. It wie lykwols Omrop Fryslân dy't foar de telefyzje en radio op de stoepe stie.
De winner wist net fan it bestean fan de Johan de Jong-beam
De Roode en Van Lievenoogen binne nominearre om't sy nei tsientallen jierren frijwilligerswurk noch hieltyd in jeugdich entûsjasme behâlden hawwe. Sy prakkesearje der net oer om op te hâlden mei it wurk en sette troch. "Zo lang we kunnen wel."

Tal fan ekskurzjes en lessen

Sy binne al aktyf sûnt sy inoar moeten by it IVN (Instituut voor Natuurbeschermingseducatie), sa'n 30 jier lyn. Sy hawwe tal fan ekskurzjes en lessen yn de natuer jûn.
"We zijn heel vaak met z'n tweeën op pad", fertelt Van Lievenoogen. "We kunnen heel goed samenwerken. Mies doet vaak het woord, want zij heeft een betere stem. Maar verder weten we zo'n beetje hetzelfde. We hebben veel cursussen gevolgd."
Ferslachjouwer Karen Bies
De measte wille belibje sy oan bern. "Kinderen weten bijna niets en ontdekken ineens toch iets. Hoe mooi een kevertje is, hoe mooi een plant bloeit. Dat is het leuke", seit sy.
Het leren voelen, het leren kijken en waarderen.
Mies de Roode-Brouwer
Dêr slút De Roode har by oan. "Het leren voelen, het leren kijken en waarderen." Freed kaam sy by Jobbegea noch wat bysûnders tsjin. "Een kever met echt knalgele pootjes en een soort lijf van een wesp. Ik wist niet wat het was, maar dat hoeft ook niet. Je moet gewoon genieten en alles heeft een functie."
Foar Landschapsbeheer Friesland hawwe sy al wer jierren de begelieding fersoarge foar de biologydagen yn Oranjewâld: sy namen bygelyks bern mei de Overtuin yn en fertelden oer it lânskip.
Fierder hawwe Kirsten en Miep jierren in poddestoelekskurzje organisearre foar learlingen fan it Bornego College en natuerlessen holden foar OBS De Optimist. Sy wurkje elts jier mei oan de Natuerwurkdei, sitte yn de poddestuollewurkgroep en binne aktyf yn it IVN-bestjoer fan de ôfdieling op It Hearrenfean
Mies en Kirsten fertelle wat sy allegearre dogge
De winner fan de priis mei kieze wêr't de Johan de Jong-beam stean moat. De earste beam, in linebeam, is yn novimber troch De Jong plante yn Beetstersweach, efter it gemeentehûs fan Opsterlân.

Skaadbeam

De froulju tinke oan it plataan en hawwe fuortendaalks al in idee wêr't sy dy beam yn de hjerst plantsje wolle. "Bij die arme koeien die hier zo in de zon liggen. Die koeien lagen te hijgen in de hitte. Ik vind dat er gewoon meer bomen in de weilanden moeten. Dan gaat die maaimachine er maar een keer omheen."
Njonken in oarkonde krigen sy ek in bosk blommen, mar dat hie neffens De Roode net moatten. "Ze zijn mooi, maar ze hebben gif gehad en worden vervoerd. Ik zou zeggen, ik wil op mijn graf alleen boterbloempjes en verder niets. Het is tegen mijn principe, maar ik zal ze in een vaasje zetten", seit sy knypeagjend.

De sjuery

Om sjen te litten hoe wichtich de natuer is en bliuwt foar de Omrop, is der tasein alle jierren in Johan de Jong-beam te jaan oan it bêste partikuliere natuerinisjatyf fan Fryslân. Yn de sjuery sitte njonken Johan de Jong sels Annelies van der Goot fan Steatsboskbehear en direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea.
De froulju binne op leeftiid, mar dat seit hielendal neat.
Sjuerylid Johan de Jong
Johan de Jong leit út dat de froulju keazen binne fanwegen it oerbringen fan kennis. "Dat dogge sy geweldich. Hiel breed: net allinne fûgels, mar ek planten. Je kinne it hjir wol oan de tún sjen. Guon minsken sille sizze: dit is in wyldernis. Mar ik fyn it skitterjend: der bloeit en groeit fan alles."

Bern sa stil as mûskes

Dat sy it entûsjasme by bern oanwakkerje, fynt De Jong o sa moai. "De froulju binne op leeftiid, mar dat seit hielendal neat. Ik haw ien kear sjoen dat sy yn it fjild wiene mei in biologydei. Ik tocht: kinne sy it wol yn de stokken hâlde? Mar de bern wiene sa stil as muzen."
De basis moat by bern lein wurde, fynt hy. En just dat hawwe De Roode en Van Lievenoogen útdroegen.
Van Lievenoogen en De Roode binne wakker grutsk mei de priis © Omrop Fryslân
Dêr kin Annelies van der Goot fan Steatsboskbehear har allinne mar by oanslute. "Bern steane iepen foar kennis en ferwûndering dy't de natuer ús biedt. Dêrom is it sa wichtich dat je der jong mei begjinne. Dat is ek de basis wêrop't je letter de natuer beskermje wolle."

Basis foar natuerbeskerming

Van der Goot hat grutte bewûndering foar de froulju. "Wy kinne as organisaasjes net sûnder sokke frijwilligers, dêrom sette wy har graach yn it sintsje."
Mei de klimaatkrisis dêr't de wrâld fan te lijen hat, is dat fan belang, seit sy. "As je lytse stapkes nimme, dan sjogge je dat je echt wat dwaan kinne. Dêrom is natueredukaasje sa wichtich. Dizze froulju dogge dat al desennia lang."
De oarkonde © Omrop Fryslân
De Johan de Jong-beam is as priis opset as earbetoan oan biolooch Johan de Jong. Hy hat sawat 36 jier lang in natuerrubryk hân by it programma Op & Ut fan Omrop Fryslân. De Jong naam yn maaie ferline jier ôfskied fan de radio.

In beam: grutter as de minske sels

Der is net allinne foar in beam keazen foar de priis om't it goed is foar de natuer, mar ek om't in beam in symboalyske wearde hat: in beam wurdt grutter as de minske sels. Troch it plantsjen tinke je oan de takomst en oan de folgjende generaasjes.
Johan de Jong © Omrop Fryslân
De priis is ta stân kaam yn gearwurking mei alle Fryske natuerorganisaasjes. Der mei fan alles oandroegen wurde: frijwilligerswurk, bysûndere waarnimmingen of in spesjale aksje foar it bioferskaat.
Johan de Jong-beam útrikt oan twa fedetten yn de natueredukaasje